Ljouwert - 01-09-2020

 

Foar it Frysk sjongfestival Liet binne dit jier 22 nije Frysktalige lietsjes ynstjoerd. De finale fan Liet 2020 fynt op freed 6 novimber plak yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.

 

De bêste acht lietsjes stride dêr om de einoerwinning. Fanwege it koroanafirus kinne dit jier mar in beheind oantal taskôgers de finale bywenje.

 

De kommende wiken sil de seleksje­sjuery, dy’t bestiet út Willo de Bildt (muzykdosint D’Drive), Wim Brons (radiopresintator Omrop Fryslân) en Esther de Jong (singer songwriter), út de 22 ynskriuwings de bêste 12 selektearje. Dizze kopgroep krijt in live optreden by Omrop Fryslân en docht begjin oktober mei oan in digitale stimming ûnder it publyk. De twa akts dy’t de measte stimmen fan de Fryske befolking krije, pleatse harren foar de finale. De oare seis finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery.

 

“Foar de finalisten ha wy dit jier wer wat nijs”, sa seit Liet-foarsitter Gerard van der Veer. “Se kinne op ús kosten muzykcoach Janneke Brakels ynhiere foar in sparringssesje om te wurkjen oan harren perfomance foar de finale. Dy lêste puntsjes op de i kinne somtiden in grut ferskil meitsje.”

 

Njonken de finale hat de organisaasje fan Liet op ’e nij seis bekende Fryske artysten frege yn trije duo’s trije nije Frysktalige lieten te skriuwen en op te fieren op freed 6 novimber.

 

Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme mei:

Tjallien Kalsbeek 06 - 53 13 79 82

 

Frysk Sjongfestival Liet

De muzikale talentenjacht voor muziek in het Fries of een streektaal in Fryslân

https://liet.nl/

 

Foto: Liet 2019

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns


LEES MEER kappershus
24-09-2020

Kaphûs viert 5-jarig jubileum

LEES MEER leesgroepdoarpskeamer
24-09-2020

Leesgroep in Doarpskeamer

LEES MEER chateau-des-gipieres-fotobesta
24-09-2020

Steun noordelijke sportclubs en win een kasteelappartement

LEES MEER 20090850doarpskeamerakkrum2a
22-09-2020

Doarpskeamer Akkrum/Nes koopt eigen pand

LEES MEER kaatsen
22-09-2020

Benefietactie voor ondernemers levert ruim 8.000 euro op

LEES MEER foto-mastklimmen
22-09-2020

Televisieopnamen in Akkrum

LEES MEER unknown-1
22-09-2020

Grouster mantelzorg ondersteuner van ‘Saar aan Huis’ in het zonnetje gezet

LEES MEER autoprofijt
22-09-2020

Passie voor het autovak zorgt voor hoogwaardige kwaliteit en service

LEES MEER in-ta-wente-ferboude-tsjerke-
22-09-2020

Rectificatie Rondje Aldeboarn

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen