JIRNSUM - 21-06-2020

 

Wy siekje spilers, sjongers en figuranten

Jirnsummertime foarich jier mei in iepenloftspul op de Wide Steeg hat prima foldien, om dy reden sjogge wy it wol sitten om dit nochris te dwaan yn 2021. Yn earste ynstânsje is dit pland op 3, 4, 5 en 6 juny 2021.

 

Ek it stik wat spile wurde sil, is al útsocht: Hotel de Botel. Ien en oar is basearre op it bekende ‘Schaep met de vijf pooten’. Fansels binne hjir in protte minsken foar nedich en om dy reden sykje wy sjongers, spilers, figuranten en minsken foar de omballingen lykas dekor.

 

Tineke Nicolai is frege foar de regy en sy hat tasein om dit te dwaan. Op 28 septimber sil in ynformaasjejûn hâlden wurde om 20.00 oere yn de sportkantine. Op dizze jûn wurde alle minsken dy’t harren opjûn ha ferwachte om te kommen. Tineke sil dan útlis jaan oer de gong fan saken en oanjaan wannear de repetysjes úteinsette.

 

Opjaan kin by ien fan de kommisjeleden: Baukje Stavinga, Ed den Dulk, Sake Miedema, Sjirk Seinen, Theo Damsma, Ingrid Spel, Tineke Visser. e-mail: info@letterfretter.nl , theocecile@hetnet.nl

 

(Alle plannen hingje uteraard ôf fan de restriksjes y.f.m. it coronafirus)

Laatste nieuws

LEES MEER mp-2016-hdpagina08
07-08-2020

Rondje Warten, Wergea, Jirnsum, Reduzum

LEES MEER boartershiem
04-08-2020

Opening buitenschoolse opvang Boartershiem

LEES MEER poask
04-08-2020

Terhernster Enerzjy koöperaasje De Poask

LEES MEER tsjerkebleek
04-08-2020

Update plannen Tsjerkebleek

LEES MEER omslag
04-08-2020

Jan Kleefstra en Christiaan Kuitwaard maken boek over het verlies aan biodiversiteit

LEES MEER boomkruiperbfranckoopman120114
03-08-2020

Beamkrûper

LEES MEER bouwe-de-boer
03-08-2020

Besmetting met blauwe virussen

LEES MEER fietsers
28-07-2020

Doortraproutes in de maak in Friese gemeenten

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen