Poppenwier - 09-02-2020

 

 

De Strampel, de Fryske Feriening fan Einekoer­flechters, organisearret op sneon 22 febrewaris fan 10.00 oant 16.00 oere in beurs yn doarpshûs ‘De Trilker’ te Poppenwier. De tagong is frij.


Elk is fan herte wolkom om der nei te sjen en in praatsje te meitsjen.

 

Der is in grut ferskaat oan typen en modellen kuorren, sa binne der klaai-,wetterlân-, Trynwâldster -, wylgetiennen - en toukuorren.
Op de beurs is te sjen hoe’t de kuorren makke wurde en wat der mear makke wurde kin fan reid. Der kinne ek kuorren kocht wurde.
‘De Strampel’ telt sa’n 100 leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de
tradysje fan it koerflechtsjen. Elk jier dogge se in oantal kuorren kado
oan in soarchynstelling of in berne­buorkerij. Dit jier is Nij Ylostins yn Drylts de lokkige. 


Foar mear ynformaasje:
www.de-strampel.frl