Warten - 30-01-2020

 

Skreun troch Edward Bastiaansen, oerset yn it Frysk troch Abele Krist.

Wolle jo in jûn genietsje fan in pracht toanielstik?

 

Allerhande betizingen soargje foar in jûn fol wille. De parochy fan Warten sit yn jildpine!

It fuortbestean fan de parochy giet de pastoar tige oan it hert en dêrom hat hy de biskop en susterparochy Bouli-Bouli om stipe frege. Lykwols is de help dy't de pastoar krijt dochs net hielendal wat hy der fan ferwachte hie. De biskop stjoert syn sekretaresse om it fersyk om stipe te beoardieljen en Bouli-Bouli stjoert Mayamba mei in sek fol jild.

Slagget it de pastoar en syn gefolch om de sekretaresse te oertsjûgjen fan de needsaak fan it behâld fan de parochy fan Warten? Der wurde allegear frjemde fiten úthelle om dit foar inoar te krijen, mar slagget dit ek?

 

Utfieringen op freed 7 en sneon 8 febrewaris  2020 yn “de Bidler” te Wergea.

Beide dagen oanfang 20.00 oere. | Sneon live musyk nei ôfrin.

Foar leden:        gratis entree

Foar net leden:  € 12,50

 

Kaarten te bestellen fia:  tswarten@gmail.com

Facebook: TS Warten

of 06-24768954