Friesland - 15-09-2023

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

“We hawwe in Wetterbolle sjoen, op de Modderige bol”, wie it boadskip fan Anneke Goerres fan Akkrum. Tegearre mei Styn de Vries fearen se op de middei fan dy fiifde septimber fan de Wide Ie by Grou troch de Jansleat, rjochting De Veenhoop.

 

Nei de Lytse Bol en de smelle trochgong dêrnei komme jo op de folle widere Modderige Bol. Daliks links leit in fikse gloppe dêr’t by ’t foarjier de Blaustirns (Zwarte stern) briedt op de blêden fan de moaie wytbloeiende Swanneblom (Waterlelie).

 

It sjen fan de Reiddomp is al in keunststikje yn de septimbermoanne, mei it Reid en de Tuorrebouten yn sa’n tichte fegetaasje. It giet om in reagerachtige fûgel fan de sompen en wiete feanen. In net-algemiene soart, mar wol typysk foar it Fryske wetterlân. In fûgel boppedat dy’t troch syn heimsinnige libbenswize net faak sjoen wurdt, en seker net oerdei. In soart dy’t yn ús lân oerwintert en yn de santiger jierren sterk tebekrûn is troch strange winters, en dy’t no stadichoan wer terrein werom wint. Ik wist net better as dat de Roerdomp yn it Frysk Reiddomp hjit. Dat is ek de namme dy’t yn 2004 fêstlein is yn it boekje Nije list fan Fryske Fûgelnammen, fêststeld troch in wurkgroep fan tsien Fryske fûgeltsjeminsken, byinoar roppen troch de Provinsje en it Biologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy.

 

“Styn seit, dit is de Wetterbolle’, gong Anneke fierder. Dat levere in petearke op oer âlde en nije nammen foar fûgels. Ik socht nei dizze namme yn âlde wurdboeken fan de tachtiger jierren fan de foarige iuw. Gjin Wetterbolle. Mar wol fûn ik, en dat is aardich, Marbolle en Reidbolle as âlde nammen foar ús Reiddomp. It part ‘bolle’ lit him dus wol fine en hat wol seker in relaasje mei ús reidfûgel. Want it sonoare lûd fan de Reiddomp by’t skimerjûn simmerdeis liket danich op it âljen fan in oerdwealske bolle. En dan jout Styn noch it riedsel op: “En hoe sit dat dan mei it wyfke...”



Foto: Adri de Groot

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen