Friesland - 07-12-2023

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Yn de nasjonale fûgelwrâld komme tal fan net-lânseigen soarten foar. Ien dêrfan is de Kanadeeske goes. In grutte, en troch syn kleuren opfallende fûgel, dy’t benammen yn de hjerst yn ús provinsje te sjen is. It meast op greidelân. Finneraai (‘Engels raaigras’) is foar dizze plante-iter in smaaklik hapke. Lykas de namme al seit giet it om in nijkommer yn ús lân. Wierskynlik it meast hjir telâne kommen troch ûntsnappingen út partikuliere fûgelsamlingen oeral yn ús lân. Gauris binne sokke tafallige ferskiningen goed dokumintearre, mar it kin ek gean om fûgels dy’t ûngemurken ûntsnapt binne. Op fergelykbere wize binne tal fan fûgelsoarten ús lân ynkommen. Te tinken falt oan de moaie Turkske toarteltsjes, it bêzjekleurige doke dat oeral yn ús lân har sêfte lûd hearre litte. Of oan de griene Halsbânparkyt dy’t yn ús grutte stêden syn felle, lûde kriten hearre lit.

 

De Kanadeeske goes hat de wittenskiplike namme Branta canadensis. Dizze namme wiist op it feit dat de soart famylje is fan in folle bekendere en ek folle talrikere goes, de Paugoes, dy’t yn it Hollânsk Brandgans neamd wurdt. De wittenskiplike namme fan dizze swart-wite goes is Branta leucopsis, de goes mei de wite kop. Eartiids wie dizze goes –in stik lytser as de grutte Kanadeeske neef- yn ús provinsje eins allinnich mar bekend fan de Anjumer Kolken, fuortby de Lauwersmar. No komt dizze goes by’t winterdei yn grutte oantallen nei ús kontreien ta om te oerwinterjen en stekt de echte wintergast Blesgoes (Kolgoes) kwa oantal nei de kroan.

 

Meastentiids passe de net-lânseigen fûgels dy’t har yn ús lân festigje har timing fan it brieden oan (sjoch de foto fan de Kanadeeske goes mei fiif pykjes mids maaie). Mar inkeld bewarje sokke ynfasive soarten har eigen perioade fan aaien lizzen. In aardich foarbyld fan dy lêste groep fan gasten yn ús lân is de Swarte swaan út Austraalje. Dy wetterfûgel hâldt de moannen novimber en desimber as briedtiid. Dat kin yn tiden fan fûle kjeld in roekeleaze kar wêze foar de kwetsbere pykjes.

 

 

Boarne: natoergids Fûgels, fan 2013 (4e printinge)

Tekst en foto: Sake P. Roodbergen, Akkrum

 

Columns Sake P. Roodbergen

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen