Friesland - 08-02-2024

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Ridende tusken It Hearrenfean en Drachten, en ek fierderop ek as men trochrydt nei Grins, sjocht de oplettende rider hjir en dêr tusken it griisdonkere fan de beamkes oan de siidkanten fan de autodyk in ljochte strúk. En as de sinne skynt kin dat sels opflamjend giel wêze: in bloeiende Hazzenút tusken de donkere Wylgen en Elzen.


Sy steane ek gauris yn boskrânen en kinne dan wol in meter as fiif heech wurde. In beam (of strúk) dy’t al yn de winter yn de bloei rekket! In beam mei katsjes lykas de Bjirk en de Els. Giele katsjes. In plant mei manlike blomkes, dy hingjende giele katsjes, dy’t op de wyn bewege, en mei froulike blomkes. Mar dy froulike binne hiel lyts, en op ôfstân net te sjen. Je moatte echt je bêst dwaan om se te finen, allinnich fan tichtebij loerend nei de tûkjes ûntdekke je se: in knopke mei helder readpearse triedsjes, de stamperkes. Ienslachtige blommen neamt de biolooch soks. (sjoch detailfoto). Mar beide geslachten sitte wol op ien beam. We hawwe it dus oer in ienhuzige beam  mei ienslachtige blomkes. Itselde jildt foar de Elzebeam.

By in Wylgebeam is dat oars: dêr sitte mantsjes en wyfkes op ferskillende beammen: saneamde twahuzige planten. Dat de twa geslachten op in ferskillende plant sit komt yn de plantewrâld net sa folle foar. De aardichheid fan de Hazzenút is dy iere bloei. As ús simmergasten ûnder de fûgekls krekt nei it suden ferdwine begjint de Hazzenút mei syn iere winterske bloei. Om dy aardichheid wurdt de Hazzenút gauris yn tunen plante, gauris yn in foarm mei kronkelige tûken.

Tekst en foto’s: Sake P. Roodbergen, Akkrum
Boarne: natoergids Beammen (Utjouwerij  Wijdemeer 2019)


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen