Friesland - 07-03-2024

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

De temperatueren binne de hiele winter al heech. Meteorologen sizze dat dizze temepratueren no al in folle moanne foarútrinne op wat fyftich jier lyn normaal wie. Elkenien kin dat mei eigen eagen en earen waarnimme. Liderkes (‘Sneeuwklokjes’) en krokussen steane yn folle bloei. De Hazzenút bloeit folop. Molshopen falle op yn de bermen. It Bûtergieltsje (‘Speenkruid’) lit yn de ûnderwâl fan de sleat de giele blomkes wigelje op de wyn. De Krikelbeam (‘Sleedoorn’) biedt syn wite blomkes syn blomkes oan de earste hommels en wylde bijen oan.

 

Moarns betiid hearre wy –grif yn it beammeguod fan Coopersburg – de Bûnte lyster (‘Zanglijster’) syn hege sankje foardragen. Mantsjes fan syn swarte famyljegenoat Klyster (‘Merel’) binne de hiele dei warber om in nêstplakje yn de hage feilich te stellen. Oeral yn it lân wurde al wer Ljippen sjoen. Gauris yn grutte groepen. It binne spitigernôch net ús briedfûgels, mar trochtrekkers op wei nei it Easten en Noardeasten, nei East-Poalen en Wyt-Ruslân. De alderearste oerwinterjende deiflinter, in Sitroenflinter, is al sjoen yn it midden fan ús lân. Op de wat hegere sângrûn is de trek fan Podden begûn fan harren winterferbliuw nei de wiete poelen. Alles betider as oars, alles foar de wênstige data út. Foar de waarnimmers is it aardich om dizze feiten fêst te stellen, mar foar de bisten en planten sels sit der ek in gefaarlike kant oan. It oanpassen oan it feroarjende klimaat levert gauris ekologyske problemen op.

 

In opfallende fûgel dy’t de lêste tsientallen jierren geweldich tanommen is, is de Skiere goes (Grauwe gans’). Yn ús omkriten wurde se oeral sjoen dêr’t mar wat beskûl fan in reidwâl is om it nêst te meitsjen en greiden mei grien gers om fan te fretten. Der is suver net mear in stik greide yn ús provinsje dêr’t gjin Skiere guozzen omstappe, trouwens gauris y it selskip fan de Paugoes (‘Brandgans’) en de échte wintergast, de Blesgoes (‘Kolgans’). De Skiere goes –fjirtich jier lyn noch in seldsum bist- leit yn in pear wiken de earste aaien. Suver tagelyk mei it ferskinen fan de earste Ljipaaien. De foto lit Skiere guozzen mei in team piken sjen, gauris ek piken fan befreone âlden!


Tekst en foto: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen