Friesland - 30-04-2024

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Strieljende wite lintblomkes en in hert fan giele buiskeblomkes. Leppelfoarmige blêden –mei lytse hierkes- yn in woartelrozet; blomkes allinnichsteand op in stâltsje. De wite lintblomkes wyt mei gauris oan de ein wat pearsread. Bloeit it hiel jier troch. De wittenskiplike (Latynske) namme wiist dêrop: Bellis perennis L., dat betsjut: “moai, it hiele jier troch”. Yn perennis sit it Frânske wurdt année, dat jier betsjut.

 

De wichtichste perioade fan de bloei is fan april oant en mei septimber. Groeit ek wol (wer) yn meande bermen. It foargeande wurdt ferteld yn elke floara oer it Koweblomke: it leafke fan de miede, Madeliefje. De L. wiist op de nammejouwer fan de plant, de ferneamde Sweedske biolooch Carolus Linnaeus, dy’t libbe fan 23 maaie 1707 oant 10 jannewaris 1778. Linneaus promovearre op 23 juny 1735 ôf oan de Universiteit fan ús Harderwyk yn Gelderlân!

 

Dit tige algemiene Koweblomke waard yn it ôfrûne foarjier keazen ta ús nasjonale blom. Neidat de Skries (Grutto) al earder útroppen waard ta ús nasjonale fûgel. It Koweblomke waard keazen út in groep fan fiif nominearre rivalen: Koweblomke, Pinksterblom, Piipkrûd (Fluitenkruid), Hynsteblom (Paardenbloem) en Ljippeblom (Wilde kievitsbloem) striden om dizze bysûndere status. Eins wie dy Ljippeblom wat in frjemde nominaasje tusken de oare fjouwer dy’t allegearre tige algemien binne.

 

Dizze Ljippeblom mei bekende plant wêze, mar is yn it wyld in seldsume ferskining, dy’t yn ús lân allinnich foarkomt op inkelde plakjes yn dellingen fan rivieren, lykas op plakken by Swol (Zwolle). De foto lit it Koweblomke sjen mei in algemiene deiflinter, de Lytse fjoerflinter.

 

Boarnen:

List fan Fryske Plantenammen & Plantkundige beneamingen (Fryske Akademy nûmer 1034, Botkerige 31, 2009)

Blommen (2e natoergids fan Sake P. Roodbergen, 2013)

Tekst en foto: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen

Over ABC 

ABC Verspreiding is een betrouwbaar en flexibel verspreidingsburo. Wij besteden veel zorg aan de verspreiding van uw drukwerk. Wij beseffen hoe belangrijk dat voor u is en voelen ons daarom mede verantwoordelijk voor een snelle en foutloze distributie.

ABC Verspreiding

  • Verspreiding
  • Mailingen
  • Bezorgen
  • Vacatures

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen: