Friesland - 26-06-2024

 

Column

Sake P. Roodbergen

Grote teunisbloem, Oenothera glazioviana

Yn de jûn fan de 9e juny fan dit jier bloeiden de earste trije blommen fan de Grutte nachtpit yn ús tún. Op trije ferskillende planten! Wat in timing. It wie yn de snoarje fan de kâlde oant tige kâlde dagen. Op de middei fan de tsiende juny wie it by ús achter hûs 10,5 graden Celsius. In djipte-rekord, in lytse fjirtjin dagen foar de langste dei! De Grutte nachtpit is goed te herkennen oan syn grutte giele blommen. Dy steane yn trossen boppe-oan de foarse stâle. Oerdei binne de blommen sletten; it iepenjen yn de jûn bart yn in pear sekonden. Je kinne der by stean gean te wachtsjen. As de sinne ûnder is wurdt troch in tal nachtflinders in besite brocht oan de blom. Flinters mei in lange tonge, lykas de moaie groep fan de grutte pylksturtflinters. Mar ek it gewoanere Pistoaltsje snobbet graach fan it stomoal en de nektar fan de Nachtpit-blom (sjoch foto).

 

Foto 1: Gamma-uiltje in Teunisbloem

Dizze brune trekflinter hat op de wjukken in dúdlik wyt figuerke dat tige tinken docht oan de Grykske letter y, de ‘gamma’, fandêr de Hollânske namme Gamma-uiltje. Elke Nachtpit-blom bloeit mar 24 oeren en ferwylket dêrnei. Mar omdat de plant hûnderten blommen produsearret, duorret de bloeitiid samar fjouwer moannen. Yn it wyld groeit de Nachtpit graach op wat sânige grûn, leaft wat iepen en drûch. It is in prima túnplant, dy’t suver gjin ûnderhâld easket. Op de ûnderste foto makket de Nachtpit in moaie kombinaasje mei Montbretia en Hortensia. By’t hjerst komme lytse sied-itende sjongfûgeltsje op de hege planten ôf. Benammen de bûnte, kleurrike Putterkes (of ‘Distelvink’) en oare Finken sykje graach har miel op de útbloeide Nachtpit.

 

Foto 2: Teunisbloem, Hortensia en Montbretia

 

Boarnen: Natoergidsen Fûgels, Blommen en Nachtflinters (Roodbergen)

 

 

Tekst en foto's: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen