Friesland - 15-10-2024

 

Column

Sake P. Roodbergen

(Rode klaver en Gele lis)

Ien fan de tige aardige saken oan tal fan gewoane Fryske blomplanten is de namme. Opfallend faak binne dy nammen ûntliend oan de boerepleats fan eartiids. In soad plantenammen hawwe in agraryske achtergûn. Tige bekende foarbylden binne Hynsteblom foar Paardenbloem, Koweblomke foar Madeliefje, Skieppeblom foar Witte klaver, en Skieppeklokje foar de seldsume Klokjesgentiaan. It is in skaaimerk fan nammejouwing dat spesifyk Frysk is. It is (dêrom) suver spitich dat by de lêste grutte feroaring oan de Fryske nammen –yn 2008/09-- fan planten guon wat âldere nammen ferlern gongen binne. Sa is de namme foar de Rode klaver feroare yn it ienfâldige Reade klaver, en de namme Wite klaver hat it plak ynnommen fan it âlde Skieppeblom foar de Witte klaver.

 

Lokkigernôch is de moaie namme Barchjeblom foar Gele Lis behâlden. Wa hat yn syn jonge jierren net ris in barchje makke fan de fruchten fan dizze moaie plant fan de wetterkant mei de help fan in pear lusiferprikjes? Reade en Wite klaver hearre by de famylje fan de Flinterblommigen. De talrike lytse blomkes fan de blomkopkes lykje yndied op in flinterke. Understeande foto lit dit moai sjen.

(Foto 1: rode klaver)

 

Flinterblommigen komme oer de hiele wrâld foar yn in grut oantal soarten. In ôfgryslik wichtich skaaimerk fan dizze Flinterblomfamylje is dat de planten oan de woartels saneamde stikstofknoltsjes hawwe. Yn dizze knoltsjes sitte baktearjes dy’t by steat binne om gasfoarmich stikstof út de loft fêst te lizzen yn fêste stikstof. Dit unike skaaimerk soarget foar in natuerlike ferriking fan in earme boaiem. Op dizze natuerlike wize wurdt de boaiem mear fiedselryk en dus mear fruchtber. Ek de algemiene Elzebeam, dy’t graach lâns de wetterkant groeit, hat dit skaaimerk fan woartelknoltsjes. It seit himsels dat dit bysûndere skaaimerk de Flinterblommen in spesjale status jout yn de ekology op de ierde. Gjin wûnder dat tal fan deiflinters de blom sykje om nektar of stomoal. De flinter op ûndersteande foto is de Sint-jansflinter, in nachtflinter.

(Foto 2: Rodeklaver en SintJansvlinder)

 

 

Tekst en foto's: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen