Friesland - 08-01-2025

 

Column

Sake P. Roodbergen

Yn de túnen fan Coopersburg yn Akkrum stiet aparte beam mei de namme Ginkgo. Ek wol Himelbeam of Tempelbeam. Oarspronklik, sa wurdt oannommen, komt dizze beamsoart út Sintraal-Sina.

 

De bysûndere beam wurdt net mear yn it wyld fûn en dêrom keunstmjittich fermeardere. De namme betsjut safolle as sulveren abrikoas (gin = sulver; kyo = abrikoas). Guon botanisy neame de Ginkgo in ‘libben fossyl’, stammend út it Perm-tiidrek, rûchwei 300 miljoen oant 250 miljoen jier lyn. It tiidrek dat folge op it stienkoaltiidrek Carboon. De beam is de iennichste soart is dy’t oerbleaun is fan it plantegeslacht Ginkgo en fan de plantefamylje Ginkgoaceae. Beweard wurdt wol dat it de âldste beam op ierde wêze soe. Wat hjir ek fan wier wêze mei, dúdlik is dat guon stoffen fan de beam al iuwenlang brûkt wurde yn de tradisjonele Sineeske genêskunde.

 

De Ginkgo groeit op fochtige mar goed trochlittende, rike boaiems, mei in dikke tyltlaach. Hy moat foarkommen hawwe yn it Súdeasten fan Sina, súdeast fan de rivier de Jangtsekiang. De Ginkgo waard yn 1730 nei Europa brocht, fanút Japan. Yn de Botanische Tuin yn Leiden stiet in hiele moaie, fan it jier 1785. Nei 20 oant 30 jier begjint de beam blommen te meitsjen. By’t hjerstmis ferkleuret it frjemd-foarme blêd prachtich nei goudgiel (foto 2).

 

It ferhaal wol dat de Dútske wittenskipper en ûntdekkingsreiziger Engelbert Kaempfer (1651-1716) yn 1693 yn Japan as earste Europeaan in ‘Tempelbeam’ seach en de fruchten sammele. De âldst bekende beam waard yn Londen kweekt. De Ginkgo is twahuzich krektlyk as de Wylgebeam: ’mantsje en wyfke sitte op twa ferskillende beammen’. It ferskil is allinnich te sjen as de beam him fuortplantet. De manlike beam draacht dan kegels, de froulike hawwe sieden dy’t der útsjogge as fruchten dy’t in net-oangename rook ferspriede. Dat lêste is de reden dat der mear manlike as froulike beammen oanplante wurde. De ynhâld fan de sieden wurdt yn Sina en Japan sjoen as in delikatesse.

 

 

Tekst en foto's: Sake P. Roodbergen, Akkrum

Boarne: Beammen, natoergids (Sake P. Roodbergen, 2021)


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen