Friesland - 03-08-2020

 

(Boomkruiper, Certhia brachydactyla)

 

Column

Sake P. Roodbergen

In pear wiken lyn brocht Pier Dijkstra fan Akkrum in Beamkrûper. Dea, ûnder wat blêdeguod yn de tún. In raamslachtoffer, natuerlike dea? We witte it net. Der mankearre sa te sjen neat oan. De Beamkrûper is in talrike briedfûgel yn ús lân. Mar dochs wat ûnbekend. Dat hat te krijen mei syn ûnopfallende libbenswize en syn ek ûnopfallende, en dêrom ûnbekende hege liedsje tsye, tsye, tsye.

 

It is benammen in boskfûgeltsje mar hy wurdt ek wol yn de bebouwing sjoen. Ik herinnerje my de Beamkrûper as it lytse brunige fûgeltsje dat foer socht op de dikke Iperenbeammen dy’t eartiids stienen by de yntusken al wer ôfbrutsen Mavo-skoalle by de âlde Feansterdyk, súdlik fan Akkrum. Hiele klassen mochten it taferiel meibelibje..

 

Dizze Iperenbeam hat in rûge bast, mei spjalten en gleuven.

Der steane by de nije krusing by de spoaroergong noch even wat súdliker, noch in stik of sân fan dizze reuzen, oanplante yn 1880.

De Beamkrûper socht dêryn syn foer. Hy docht dat, sittend tsjin de beam lykas in Grutte eksterspjocht (Grote bonte specht) dat docht. Hy spiraalt omheech en flocht dan skean nei ûnderen nei de folgjende beam. Dan werhellet him de fertoaning.

 

Alle bisten binne oanpast oan harren eigen libbenswize. Guon binne útsûnderlik goed oanpast. Dêrby heart ek ús Beamkrûper. Syn snavel is tige lang en tin, en sierlik nei ûnderen bûgd lykas de foarse snavel fan de Wylp, us grutste greidefûgel. Fan de fjouwer teannen fan it sjongfûgeltsje steane trije nei foaren rjochte, ien nei achteren. Dat is fierwei de langste en dy hat ek fierwei de grutste nagel. Flymskerp. It is in steunsekerhydsje. In twadde steun hat er oan syn sturt. Dy is djip spjalten mei skerp útstekkende fearkes oan beide sydkanten. Dy twa úteinen binne stugge fearkes. Hy steunt dêrmei tsjin de beam lykas de spjochten dat dogge.

 

Om net maklik grepen te wurden yn dy kwetsbere hâlding, troch in Sparwer of Blauwe wikel (Boomvalk) bygelyks, is syn rêch brún mei streepkes: as er tsjin de beam sit in geweldige kamûflaazje. En as lêste fantastyske oanpassing: syn búk is strieljend wyt. It ljocht dat dêr fanôf de sydkanten op falt wurdt reflektearre nei de spjalten en groeven fan de beam: in mynwurkerslampe! Sa is de Beamkrûper op in fantastyske wize oanpast oan syn libbenswize.

 

 

Foto: Franciscus Koopman

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER faea43d9-578d-40bd-9ebe-fa146b
11-12-2024

Iel en Mear: Heerlijk genieten van ambachtelijke streekproducten!

LEES MEER juf-tineke-marjan
10-12-2024

Juf Tineke Marjan 40 jaar in het onderwijs

LEES MEER groepsfoto
10-12-2024

Jeugdleden VV Akkrum krijgen bezoek tijdens de training

LEES MEER beleefvoorpag
19-11-2024

BELEEF Midden-Friesland Winter 2024-2025

LEES MEER mp-202425webpagina12
10-12-2024

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen