Reduzum/Grou - 09-06-2021

 

Bistedokter

Column

Dierenartsverhalen van een Friese dierenarts

door Menno J. Wiersma

www.bistedokter.nl | menno@bistedokter.nl

 

At baas moarns fan ‘t bêd ôf komt, lit hy my alderearst troch de efterdoar yn ’e tún. Ik mei dan nei it pisjen stomme graach efkes oer it fjild dikerje. Meastentiids bart der net safolle bysûnders, mar op Himelfeartsdei hat de einewrâld my ferbjustere.

 

Midden yn ’e fiver hat baas fan ‘t maitiid in nagelnije einekoer pleatst, rjocht tsjinoer it stalt. Ik hie wol fernommen dat dêr al in pear wiken in ein yn húsmanne. Krekt dy moarns kaam sy mei har neiteam foar ‘t ljocht. D’r wie al ien pyk yn ‘t wetter en it memke mar kweakje om de folgende nei ûnderen te trúnjen. Ik seach de pykjes wifeljen oft se dy lytse himelfeart oandoarden. Hoe tapaslik op dizze dei! Dochs lang om let plompte de iene nei de oare it wetter yn: ....acht, njoggen en sels nûmer tsien rûgele d’r doe samar hommels yn dûkflecht efteroan. It hiele spul begûn daliks nei michjes te happen yn ‘t reid. No, wat in aardichheid!

 

Mar dan komme der ynienen twa jerken op it aljemint. Se skeare fanút de flecht de fiver yn en sette daliks op it eintsje ta. Der binne al tefolle jerken en dy wolle mar yn ding: oer in ein hinne fansels! It eintsje sjocht it swurk driuwen en ferdwynt as in skeet wer werom yn de einekoer. De beide jerken sjogge ferbjustere om harren hinne en de pykjes driuwe as een kloft deun tsjin elkoar ûnder de koer om. Dat duorret noch gjin minút en dan komme de beide markols foar ‘t ljocht. Sy hawwe noch gjin twa meter fan de koer ôf in nêst yn de reiden en binne lyk as alle poepen ferskuorrend territoriaal. Se hawwe it net op dy pykjes stean en begjinne der wakker yn om te pjukken! It lytse guod wit sa gau net wer ‘t it hinne stowe moat en guon dûke fan de weromstuit mar ûnder wetter. Dan komt mem wer út de koer op dit wrede gedoch ôf. Ien fan de jerken snipt syn kâns en dûkt boppe-op har. Se ferdwynt mei de kop alhiel ûnder wetter! Wat in nuvere en fiersten te iere foarljochtingsaksje foar dy earme pykjes! Wat moatte dy hjir no yn ‘e goedichheid wol net fan fine? Ik wit eins net wer ‘t ik it earst en lêst sjen moat mar by eintsjebeslút sit it memke harsels eptich te poetsen en mei acht piken op de wâl te bekommen. Twa binne der dus dan al sneuvele en nei de fûgelhimel fearn...

 

Eigenaardige fûgels hear, dy einen. Ik soe sels letter ek wol graach ris pykjes hawwe wolle, mar ik wit noch net rjocht hoe’t soks giet. Ik moat der eins net oan tinke dat ik fjouwer wike lang yn in koer sitte moat te brieden. Dat liket my op fleanen...

 

© Afke fan it Fryske Wetterlân

 

 

 

Columns Bistedokter

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER beleefvoorpag
19-11-2024

BELEEF Midden-Friesland Winter 2024-2025

LEES MEER poster-apresskifest-2024-rotat
12-11-2024

Akkrum-Nes Centraal anticipeert op aankomende vergrijzing binnen organisatie

LEES MEER img-20241029-wa0001
12-11-2024

Proef de Kunst Terherne groot succes

LEES MEER image003
12-11-2024

Leen de Groot, het gezicht van Jan en Japke gaat met pensioen

LEES MEER mp-202423pagina12
12-11-2024

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen