Pake- of beppesizzers by in útfeart?
Friesland - 18-11-2020
By it regeljen fan in útfeart tinke je der faaks oer wa’t der wol komme kin, en dan komt wolris de fraach of de pake- en beppesizzers ek meikinne? Myn antwurd is dan altyd itselde: wat wolle de bern?
De bân mei pake as beppe
Ja, it antwurd klinkt simpel, mar sa is it eins ek. Wat wolle de bern? Ik tink dat bern hiel goed sels oanfiele wat se wolle, en wy as folwoeksenen moatte ús dan oanpasse oan de bern. Want op dizze wize kriget elkenien de kans om op in goeie manier ôfskied te nimmen. No moat ik sizze dat ik in echter leafhawwer fan bern bin, en de bern dan faaks ek diel útmeitsje lit fan it gehiel. Se krije dan wolris in taakje fan my mei.
Pake is dea!
Sa kaam ik yn in moai doarpke yn Fryslân terjochte. In echte doarpsman wie ferstoarn en ik hie it kontakt mei syn bern en frou. It wie dúdlik, dit soe in útfeart wurde krekt wat oars as oars. In tsjinst yn syn loads, mei syn materialen om him hinne. Ja, en doe…de bern. Sy wiene sljocht op pake! Die moasten fansels hjirby wêze!
“Hoe jong bern ek binne, ek sy hawwe romte nedich om it ferlies in plak te jaan”
Bellenblaze en it grêf slúte
De dei fan de útfeart wie dêr en we hiene de grutte tafel fan pake út’e hûs yn’e loads set. By dizze tafel iten de bern altyd patat en koene se knutselje, kleure en wat al net mear. Dit mocht dus ek by de útfeart. En ja, ik mocht de tsjinst liede en frege de bern om mei inoar bellen te blaze. Dit mei de symboalyske gedachte dat eltse bel dy’t knapt in tút foar pake wie. Mei dizze gedachte hawwe de bern blaast om it libben! En doe, mei syn alles nei it grêf en ek dêr hawwe de bern meiholpen it grêf te sluten, mei harren eigen skep. De bern hiene dizze dei hurd wurke en giene werom nei de loads. Heit en mem oan de kofje, en de bern: oan de patat, by de tafel fan pake!
Mei in waarme groet fan
Leo Boermans
Fragen oer wat al as net kin by in útfeart.
Nim ris kontakt op mei Heslinga Uitvaartzorg,
berikber fia 0515- 85 57 57
Fansels is dizze columnen de foto yn oerlis mei de belutsen famylje opmakke.