Wrafke: it jachtynstinkt fan Afke
Reduzum/Grou - 30-03-2021
Bistedokter
Column
Dierenartspraktijk Reduzum-Grou
door Menno J. Wiersma | menno@bistedokter.nl
Ja hear, dêr bin ik nochris: Afke fan ‘t Fryske Wetterlân! Jim kinne my grif noch fan dy frutselfratsen earder yn de Ljouwerter krante. Doe moast ik fan de redakteur noch yn’t Hollânsk op ‘e tekst. Hjoed blaf ik wer gewoan yn’t Frysk, folle moaier!
Ik gean eltse moarn op ‘e kuier mei Baas en Frou. Meastentiids nei de Swette ta; at sy wat minder tiid hawwe fytse en rinne we nei de Ienswei by’t spoar del. Lêstendeis krige’k wer ris op myn faalje. Dat sit sa. Ik bin in labrador fan it fjildtype. De jacht sit my yn myn genen, myn bloed en yn’e djipste fezels oan’t yn’t puntsje fan myn kwike kwispel. Ynstinkt neame se dat. Ik apportear as de allerbêste. Oft dat no dummy’s binne as wyld, dat makket my neat út. Mar…at ik in hazze yn’e noasters krij, dan wol ik dy pakke! Dat haw ik wol mear as ien kear besocht; it is my lykwols noch nea slagge. Mar dat jakkerjen troch it fjild fyn ik sa máchtich moai! Ik doch soks inkeld en allinne foar de sport omt ik wit dat se hurder kinne as Afke. Mar Frou wol ‘t net lije… At ik wer ris oanstriid haw om efter sa’n hurddraver oan de greide yn te strûzen, krij ’k op myn soademiter fan har. Dan grypt se my yn’t nekfel, sjocht se my fûleindich oan en ropt se lûd ‘Foei!’. Frou rekket dan suver in bytsje yn de stres. Okkerdeis dus ek wer. ‘Moat it no sa mâl’, hear ik Baas protteljen. ‘Hie se mar gjin hûn wurde moatten’, andert Frou him suver lulk. Dan tsiere se noch wat en is de sfear in skoftsje om te snijen. Kin’k net oer... Mar earlik is earlik, as ik der wer ien rinnen sjoch, stean ik by myn wrafke as de hazze by de tromme.
At d’r gjin hazzen yn ‘e omkriten te bespeuren binne fernuverje ik my ek poerbêst, hear. Mûzen haw’k bygelyks bot niget oan. En dy binne der by de fleet! At ik der ientsje ûnder de wyn op fernim, beslûp ik him hiel súntsjes en mei in linige sprong besykje ik ‘m dan te snippen. Dat slagget net altiten, want dy kringen kinne wakker fluch yn harren holtsjes weikrûpe. Inkeld fang ik sa’n linkmigeltsje. Dy apportear ik kreas by Frou. Dan raze se somtiden noch. Omt ik in sêfte bek haw, binne se ommers net fuortendaliks dea. Mar at Frou der efkes gjin erch yn hat, fret ik sa’n mûske daalks op. Dan fernim ik sa’n kring wrimeljen troch myn strôt en sels yn’e mage krioelt er bytiden noch wat nei. It sil wol in wrede dea wêze. Hie der mar gjin mûs wurde moatten, tink ik dan...
Naar overzicht