Friesland - 01-02-2022

 

(Sturnus vulgaris)

Column

Sake P. Roodbergen

 

De twa bekendste fûgels om hûs en hear binne de Mosk en de Protter. Yn it Hollânsk: de Huismus en de Spreeuw. De Protter is, net allinnich yn ús lân, mar yn hiel Europa, ien fan de meast gewoane briedfûgels. Sels op wrâldnivo is de Protter in talryk bist. Eartiids, yn de tiden dat jonges noch in aaisamling hienen en de famkes toudûnsen wienen dit de túnfûgels dy’t as earsten soargen foar in aaike yn de doaze. De Mosk briede ûnder de âlde holle (‘Hollânske’) dakpannen fan it túnhúske of berchhokje. De Protter ek, mar earder wat heger, bygelyks ûnder de pannen fan de naald fan in boerepleats. In nêstkastke dat wat in te wiid gatsje krigen hat omdat in Grutte eksterspjocht (Grote bonte specht) it wat al te royaal makke, kriget gauris besite fan in Protter om yn te brieden.

 

Bûten de briedtiid, benammen by’t hjerstmis, is de Protter ferneamd om de spektakulêre flechten, betiden yn tûzentallen, boppe in reidfjild of bosk, gauris krekt bûten in doarp. Foto’s fan sokke yndrukwekkende fûgelmanifestaasjes siere elke hjerst de kranten. By’t winterdei komt de Protter allinnich of yn in beheind groepke graach by oanbean foer yn tunen. Mar syn natuerlike foer bestiet út lytse bisten yn it gers, lykas in wjirmke of in spekrûp (‘engerling’) fan in grutte Maaiekever. Yn ús kontreinen is dizze Maaiekever suver in seldsum ynsekt wurden. No sil de skerpe, lange snavel fan de drok beweegjende Protter meastentiids lytsere larven fan Graafwespen opsykje.

 

De ferneamde natoerman Jac. P. Thijsse (1865-1945) hie de Protter keazen as syn foarkar-fûgel. In plaatsje fan in pear sjongende Protters yn in reinbui hearde dêr by. It motto dêrûnder: ‘Onbekommerd’! By net te kâld winterwaar sjongt de Protter al mids febrewaris. By it sjongen kin de fûgel syn flerken net stil hâlde. In optimist!

 

Foto: Sieds Tjepkema, Grou: Protters –en ien Unwaarsfûgel- yn it fjild by Warstiens

Tekst: Sake P. Roodbergen. Boarne: natoergids Fûgels, fjirde printinge 2013

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen