Friesland - 01-04-2022

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Hûnderten swarte stipkes yn in trochsichtige slymlaach: wa’t net oant Peaske wachtsje kin, mei no al begjinne mei aaien te sykjen. Nee, gjin ljipaaien, mar de aaien, of better: aaikes, fan de kikkert. Trouwens, ljipaaisykje mei noch allinnich mar mei in aaisikerskaart dy’t tagelyk ek in neisoarchpas is. En by de aaikes fan de kikkert giet it om de Brune kikkert, want dy oare algemiene, de Griene, de saneamde ‘boerennachtegaal’ (sjoch foto) dy is noch net aktyf. Dy begjint syn sjongen pas yn maaie.

 

Sneon 12 maart wie de lanlike kikkertdriltelling. Op dy dei begûn it amfibye-seizoen. Alle Nederlanders kinne meidwaan om yn harren eigen omjouwing de kikkertdril fan de Brune kikkert te finen en dat eefkes troch te jaan. Per aaiklonter. Dat kikkertdril fûnen wy eartiids yn de aaisikerstiid, gauris yn de smoute fan in hikkedaam dêr’t it sleatswetter ferwaarme waard troch de maitiidssinne. Hiele klonters namen wy as plattelânsbern mei nei hûs en it wie tafal as dêr echt in kikkertsje útkaam mei in sturt, dy allegeduerigen koarter waard al nei gelang de kikkertjes âlder waarden. It eintsjebeslút wie meastentiids dat we de hieleboel wer yn de sleat kiperden. Ien klonter kikkertdril bestiet út sa’n 1000 oant 2500 swartgrize aaikes. Hoefolle krekt, dat hinget fan de grutte fan it kikkertwyfke ôf. Nei de wintersliep –en it is de fraach of dy dit jier wol sa lang duorre hat- begjint it pearjen en it ôfsetten fan de klonters dril mei aaikes.

 

De aaikes kommen ei sa’n 10 oant 16 dagen út. En dan wurde se stadich kikkertfiskjes , dy’t de Fries meastentiids dikkop neamt. Oan it betider wurden fan de fuortplanting kin men de klimaatferoaring ôflêze. Dy fynt yn ús tiid in wike earder plak as lit ús sizze de tachtiger jierren. Ferline jier waarden yn 585 tunen gemiddeld trije Brune kikkerts sjoen. De telling duorret oant en mei 3 april. Resultaten kinne trochjûn wurde op de webside Tuintelling.

 

 

Tekst en foto Sake P. Roodbergen, Akkrum

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen