Friesland - 02-05-2022

 

(Spotvogel, Hippolais icterina)

Column

Sake P. Roodbergen

 

De Bargefeart rûn eartiids fan de Stasjonswei yn Grou nei it noarden tusken nûmer 28 en 30 del. Dêr bûgde de brede feart om it perseel 28 hinne en rûn nei it easten ta, ek achter nûmer 26 lâns. Dan wer in skerpe bocht nei it noarden om yn it grutte wetter fan de rjochte Grou út te kommen, it wetter dat rint fan Grou nei Jirnsum.

 

Wy learden as bern fan nûmer 28 it reedriden op de Bargefeart. Oan de noardkant lei de finne fan de bruorren Kaastra, de boerefamyljes op de prachtige pleats fan Graalda, dy’t yn de santiger jierren ôfbrutsen is: it Kaastra-lân oan de súdwestkant fan Grou wie nedich foar de útwreiding mei nije wiken. Dat wie ús aaisikersfjild. Neat mear fan oer. Oan de noardkant fan ús hûs stiet no de nije Lidl-winkel. Op de skieding tusken nûmer 26 en 28 oan de Bargefeart stie in Esk (Es) en in wylde Roas, as ôfskieding. De Esk stiet der noch, in mânske beam sûnt fyftich jier lyn. De Roas is fuort.

 

Mar yn dy Roas briede yn ús jonge jierren in Giele Hôfsjonger. In nestke op twa meter hichte, ûnberikber tusken de flymskerpe doarnen. We koenen der krekt ynsjen: lytse rôze aaikes. It sjongfûgeltsje docht syn Fryske namme twa kear eare oan: hy is giel en sjongt prachtich. En gauris yn it hôf fan de âlde boerepleats. Njonken sa’n type pleats stie altyd wol in Flearbeam (Vlier). Ek yn dy strúkachtige beam makket it sjongfûgelpearke mei leafde har nêst. Mei it opromjen fan de âlde Fryske boerepleats hoecht de Giele Hôfsjonger net te ferdwinen. It plantsjen fan in Flearstrúk (leafst mei in wylde roas oan beide kanten) is al in weardefolle útnûging foar it spesjale fûgeltsje mei de moaie sang. In sang mei in spotske finale, jaseker. De Giele hôfsjonger is ien fan de lêste simmergasten dy’t út it waarme suden weromkeart: ein april, begjin maaie.

 

Boarne: natoergids Fûgels (Sake P. Roodbergen, Wijdemeer 2013)

Tekst en foto: Sake P. Roodbergen

 

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen