Friesland - 13-09-2022

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Tongersdei 18 augustus klokslach acht oere kaam de optocht yn Akkrum oan. 116 beammen yn 75 kisten fan elk oardel ton (1500 kilo). Beammen fan ferskate soarten mar allegearre leafbeammen mei blêd.

 

It blêd dat it begjin is fan alle Libben. It blêd dat blêdgrienkerrels befettet dy’t it fermogen hawwe fan de koalsoerassimilaasje: fan koalsoergas út de loft, en wetter út de grûn wurdt yn dy kerrels en mei help fan de enerzjy út sinneljocht sûkers makke (C6H12O6). Dy sûker (glukoaze) is it basisfiedsel fan elk libben wêzen, ek de minsk. Sûnder grien blêd gjin Libben op ús ierde. ‘It Bosk’ betsjut dus noch al wat. Sneontejûn om sân oere hjitte Zwier Kroese, foarsitter fan de Akkrumer Bosk-kommisje, wethâlder Gerrie Rozema fan de Gemeente Heerenveen wolkom om it Bosk-barren yn Akkrum formeel te iepenjen. De eftergrûn fan ‘Meet me in the Forest’ leit yn de winsk fan mear fergriening, fan miljeu-bewust wurden. Nea earder hat de needsaak fan omtinken om ús griene omjouwing sa twingjend west as hjoed-de-dei. Wy moatte as minskdom oplossingen fine foar grutte problemen lykas de klimaatkrisis en it ferlern gean fan bioferskaat (‘biodiversiteit’), fier fuort, mar ek yn de eigen omjouwing.

 

As it programma ôfrûn is krijt trijekwart fan it Bosk in plakje yn Akkrum sels, de oare beammen wurde ferdield oer doarpen yn de Gemeente Heerenveen.

 

Yn 2021 ferskynde myn sânde natoergids Beammen. It liket suver wol in opsetsje foar de Akkrumer manifestaasje fan no. De natoergids hat in logysk plakje krigen yn dit gehiel. De gids wurdt by Liuwe Brolsma te keap oanbean mei in bysûndere banderol fan ‘Meet me in the Forest’. Op sneon 24 septimber is der yn it havengeboutsje in sinjear-sesje troch de skriuwer. Ek eardere natoergidsen meie dêr oanbean wurde. Folgje de webside Akkrum.net

 


Tekst en foto: Sake P. Roodbergen, Akkrum

 

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen