Friesland - 06-10-2022

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Krekt ien moanne nei de befrijïng fan de Dútske besetter, op 16 maaie 1945, waard ik berne yn Grou. Wy wennen suver njonken de pleats fan de bruorren Kaastra. Om ús hûs hinne leinen aaisikersfjilden oan it spoar fan Ljouwert nei It Hearrenfean ta.

 

Wy learden ús alderearste ljipaaien finen mei de Kaastra-bruorren: op de jûn fan de lêste aaisikersdei namen hja ús –in kliber bern fan de buert- mei harren fjilden yn, noch ien kear nei ‘de seize’ en de ‘tsiene’. En wy fûnen in ljipaai en bewûnderen it nêst en it aai, en de fûgels om ús hinne. In emoasje dy’t my myn hiele libben yn de betsjoening hâlde soe. Letter gong de tocht ek nei it suden, nei Nes en dan de wide fjilden fan it Lege Midden yn. De kriten fan Snoek links en rjochts de fjilden fan de Kathûspleats. Rike fjilden mei blommen yn alle kleur, en alle soarten fan greidefûgels: ljip en skries, mar ek tsjirk en strânljip. In paradys!

 

It buorkjen hat him geweldich wizige sûnt myn jonge jierren. Keunstmest en ferdelgingsmiddels (pestisiden) hawwe harren yntree dien. Mar guon boeren yn dizze kriten wegerje dizze saneamde fernijing. Sy besykje sûnder keunstmest en pestisiden, en mei in soarchfâldige omgong mei de boaiem, dochs in ynkommen út de feehâlderij te heljen. By dizze boeren hearre de famyljes Voolstra en Peenstra fan it gebiet tusken Soarremoarre (‘het Botmeer’) en leechlânbeek de Boarn. Harren wurkjen en de wearden dy’t dat oplevert binne sichtber makke yn in film. Gearstald troch de Grinzer natoerleafhawwer Hans Hut. Dizze bysûndere film ‘Weidevogels in de Soarremoarre-polder’ waard op woansdei 31 augustus foar in grut publyk fertoand yn it Bosk-teater, yn it kader fan de Akkrumer manifestaasje Meet me in the Forest.

 

Ien dei letter, op 1 septimber, jout de natoerorganisaasje It Fryske Gea in parseberjocht út mei de kop: ‘It Fryske Gea koopt Nesser stelp met weilanden’. It blykt te gean om de Kathûspleats achter Nes. Direkteur fan It Fryske Gea, Henk de Vries, lit witte dat de natoerorganisaasje de pleats mei lân kocht hat fan de Stichting Leppehiem, dy’t yn Akkrum it mienskipssintrum Leppehiem eksploitearret. Dizze stichting waard troch de lêste bewenner fan de Kathûspleats, boer Anne Sjoerd Peenstra, beneamd ta erfgenaam. Peenstra stoar yn Leppehiem yn 2020. It giet om in stjelppleats mei 40 bunder oan landerijen. Fjilden dêr’t nea in ruilferkaveling pleatsfûn hat en fan gruttere hichte sels noch de âlde streamrêgen fan de Boarn sjen litte.

 

De fjilden grinzje oan de landerijen fan de boeren Voolstra en Peenstra, dy’t wy yn de film fan Hans Hut hearden en seagen. It is in hiel bysûndere en tafallige gearrin fan omstannichheden dat op dizze wize yn it streamgebiet fan de Boarn eastlik fan Akkrum-Nes in grut gebiet fan likernôch hûndert bunder agrarysk fjild ûntstean kin dêr’t op in natoerfreonlike wize buorket wurdt.

 


Tekst en foto's: Sake P. Roodbergen, Akkrum

 

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen