Friesland - 07-02-2023

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Op 7 desimber fan it ôfrûne jier ferstoar Johan de Jong út Beetstersweach, 81 jier âld. Johan syn namme bliuwt ferbûn oan de radio-útstjoeringen foar Omrop Fryslân.

 

Dêr die hy elke sneontemoarn ferslach fan alles wat de natoer oanbelange, mar it meast oer fûgels. Hy hâldt dizze goedbelústere natoerrubryk 36 jier fol! Johan bliuwt ek ferneamd om syn ynset foar it behâld fan de Goudûle, dy’t yn it Hollânsk Kerkuil neamd wurdt. In bettere namme soe wêze pleats-ûle of buorkerij-ûle, want dizze ûlesoart briedt it alderleafst heech yn de hoannebalken fan in âlderwetske Fryske boerepleats, achter it ûleboerd.

 

Doe’t yn de santiger jierren nei in pear strange winters de Goudûlestân yn ús provinsje gefaarlik daalde, sette Johan útein mei syn beskermingsaksje. Yn it jier 1973 rekke hy heech yn de pleats fan boer Poppinga yn Beetstersweach syn earste Goudûle oan. Dêr docht Johan syn leafde foar dizze markante fûgel op. Hy rjochtet de Goudûlewurkgroep op om it beskermingswurk úteinliks lanlik te organisearjen.

 

As er geandewei ûntdekt dat de Goudûle it meast te lijen hat fan it moderne drokke ferkear, betinkt syn freon Jan Koopmans út Garyp de praktyske oplossing. Hy fabrisearret in draai-rôltsje dat de ûle behinderje moat om sitten te gean boppe-op de talrike hektometerpealtjes deun njonken it lânsrazende ferkear, de grutste fijân fan de ûle.

 

Wat fierder fan de sneldyk ôf komt in hegere peal te stean mei in dwershoutsje. De metoade wurket; de opset slagget. De oplossing wurdt no ek folle breder yn ús lân tapast. Yn it jier 2019 wurde yn ús lân 3853 earste Goudûle-briedsels teld! Johan lit in pear prachtige boeken nei. It meast bekende is De kerkuil; handleiding voor beschermers.

 


Foto: Wim Wijering; Tekst: Sake P. Roodbergen

 

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen