Friesland - 03-05-2023

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Oer in pear wiken ferskynt in natoergids oer fyftich spinnesoarten, fyftich wantsesoarten en fyftich soarten sweefmiggen. Fan de spinnen komme der yn ús lân sa’n seishûndert soarten foar. Oan wantsen en sweefmiggen telt ús lân likernôch trijehûndert soarten.

 

Dit wurdt de achtste Frysktalige natoergids dy’t ik makke ha. Ik begûn de rige mei Fûgels yn it jier 2005. Yn it jier 2013 ferskynde de twadde, mei de namme Blommen, oer wylde planten yn ús omjouwing. De Fryske natoerorganisaasje It Fryske Gea brûkte de fûgelgids yn in ledewerfkampanje ta gelegenheid fan har 75-jierrich bestean as natoerferieniging. No dus de achtste yn de rige. Foar it meitsjen fan dizze natoergids ha ik de help ynroppen fan deskundigen, lykas Peter Koomen, de konservator fan it Frysk Natoermuseum yn Ljouwert. Foar de oare twa groepen frege ik minsken fan it ferneamde Naturalis Biodiversity Center yn Leiden. Dat is ek it natoer-sintrum dat de prachtige determinaasje-app Obsidentify ûntwikkele hat. Bedoeld om maklik lytse bistkes en planten op namme te bringen.

 

Yn in Algemiene Ynlieding fan dizze nije natoergids beskriuw ik de wichtichste saken oangeande dizze trije groepen fan saneamde Lidpoatigen. Dan folgje fyftich soartbeskriuwingen fan elk fan de trije groepen lytse bistkes. Yn in Yndeks achteryn steane alle nammen, de Fryske, de Hollânske en de wittenskiplike. By elke groep wurdt in tal boeken neamd mei mear ynformaasje oer de soarten. It earste eksimplaar wurdt ynkoarten oerhandige oan de boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de Gemeente Heerenveen, dy’t letter dit jier ôfskied nimt. De natoergids wurdt útjûn by Utjouwerij Wijdemeer yn Dokkum. De opmakker is Richard Bos fan Ljouwert. De gids is yn alle boekhannels te keap.

 

Tekst Sake P. Roodbergen, Akkrum

 

Foto: Cover Fryske natoergids

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen