Friesland - 27-06-2023

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Mei ús deiflinters giet it, oer it algemien sprutsen, net goed. Dêrmei bied ik gjin nijs. In typysk foarbyld fan ien fan dy flinters dêr’t it echt min giet is de Argusflinter, in soart dy’t by de saneamde Aurelia’s heart. Net lang lyn waard fan dizze flinter noch sein: algemiene standflinter. Mar de lêste tsien jier is dúdlik sprake fan tebekgong.

 

Yn it nije, Hollânsktalige boek ‘Dagvlinders in Fryslân; veranderingen vastgelegd’, dat yn 2021 útjûn waard troch de Vlinderwerkgroep Friesland, stiet it oer de oarsaak sa: “Graslandvlinders, waaronder de argusvlinder, hebben het zwaar in Nederland. Het areaal aan bloemrijke, halfnatuurlijke graslanden is in de laatste decennia fors gekrompen.” Soksoarte fan gebieten hat de argusvlinder nedich foar syn fuortplanting en foar syn fiedsel (nektar).

 

It is dêrom hiel ferrassend dat in deiflintersoart dy’t eins yn ús lân as útstoarn beskôge waard, ynienen yn dizze selde perioade werom liket te kommen. We hawwe it oer de Keizersmantel. Dizze moaie parlemoerflinter is de grutste fan in groep fan bysûndere deiflinters wêrfan yn ús lân trettjin soarten foarkomme. Yn ús provinsje wurdt bygelyks de Sulveren moanne (Zilveren maan) yn sompe-achtige gebieten noch wolris sjoen.

 

Fan de Keizersmantel wurdt op Wikipedia op dit stuit ferteld: “Deze vlinder staat in Nederland sinds 2019 niet meer op de Rode Lijst als verdwenen of bedreigd, omdat ze de laatste jaren in steeds groter aantallen wordt waargenomen”. Yntusken is sels al fuortplanting yn ús lân fêststeld. Parlemoerflinters hawwe hiel faak in relaasje mei in fioeltsje-soart.

 

Graach soe ik fan lêzers fan Middelpunt waarnimmingen fan de hjir neamde twa deiflinters ûntfange. Om werkenning wat makliker te meitsjen heakje ik fan beide soarten in plaatsje ta.

 

 

Foto 1: Argusvlinder

Foto 2: Keizersmantel

 

Tekst en foto's Sake P. Roodbergen, Akkrum

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER 85b94bff-3d7f-4d52-8ea4-67896f
18-02-2025

Zonneliedpelgrimage van Jorwert naar Akkrum

LEES MEER dsc0262
18-02-2025

Strijd tussen bridgeclubs uit Akkrum en Aldeboarn

LEES MEER akkrumnesbloeit-mp-92mm
04-02-2025

Oproep: Doe mee aan de speeddate voor Akkrum-Nes Bloeit

LEES MEER mp2504pagina12
18-02-2025

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLĂ‚N

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2
18-02-2025

Soms moeten plannen aangepast worden

LEES MEER kees-parttechniek
18-02-2025

Blijven Leren of Blijven Staan?

LEES MEER img2092bvanoyenlr
18-02-2025

Jirnsum (8,5 km)

LEES MEER mirjam-bos
18-02-2025

Een koopovereenkomst: mondeling of schriftelijk?

LEES MEER landinzicht-urgenda
18-02-2025

Sleurgenda

LEES MEER schermafbeelding-2025-02-04-om
04-02-2025

Ineens krijgt dat vreselijke nieuwsbericht een gezicht…

LEES MEER img1047
04-02-2025

Het Warmte Uitvoeringsplan Nes is klaar

LEES MEER img9443
04-02-2025

Smile!

LEES MEER unknown
04-02-2025

Torenvalk (Reade wikel)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen