Beammen, de sande natoergids
Friesland - 29-04-2021
Column
Sake P. Roodbergen
De earste helte fan maaie sil it wêze. De presintaasje fan myn nije natoergids. Oer de beammen dizze kear. Benammen de gewoane wylde beammen sa as dy yn ús lân foarkomme. Beammen, dy’t nei de Iistiid, sa’n 12.000 jier lyn, doe ’t ús hiele lân oerdutsen wie mei iis en snie en gletsjers út it noarden Gaasterlân foarmen en de Veluwe, wer werom kamen nei ús lân.
Dat barde stadichoan, elk jier in stikje. Safolle meters as de sieden fan de Eskdoarn fan de stam ôffoelen. In ûnfoarstelber barren! Mar se dienen dêr dan ek iuwen en iuwen oer.Dêroer fertelt it boek yn de earste tsientallen siden fan de Ynlieding. En de rest fan de siden binnen fold mei in santichtal beamme-beskriuwingen. In aardich gesetsje is in boartlik barren mei QR-koades mei de tsien moaiste beammen fan Fryslân. Eltse beam fan dat tsiental hat in QR-koade krigen dy’t de rûte nei dy beam oanjout, fan Aldemardum nei Jobbegea en fan Ljouwert oant Skiermuontseach.
Dit is de sande natoergids dy’t ik makke ha fan it jier 2005 ôf. De earste gong oer de fûgels en krige dêrom ek dy namme, Fûgels. Dizze natoergids waard troch It Fryske Gea brûkt as kadootsje ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean. De twadde Frysktalige natoergids kaam út yn 2013 en behannele de wylde floara fan ús provinsje. De namme waard simpelwei Blommen. Dêrnei folgen de gidsen flot op-inoar: Deiflinters en Libellen, yn 2015, Nachtflinters yn 2016, Poddestuollen yn 2017 en Kevers, as meast resinte, yn 2019. Altiten waard de help fan deskundigen ynroppen by it gearstallen fan de Frysktalige rige. In útdaging by al dizze gidsen wienen ek de Fryske nammen. Fan guon groepen wienen dy al aardich op papier setten, mar fan bygelyks de tûzenen kevers (tuorren) wie noch fan lang net elke soart in Fryske namme bepaald.
Der binne fansels noch folle mear groepen fan bisten, faak hiel lytse, wêrfoar noch net in Frysktalige gids makke is. Te tinken falt oan de fraaie wantsen, ynteressante spinnen, brommende bijen en holders (‘hommels’), de moaie, ûnskuldige sweefmiggen (340 soarten yn ús lân!), de dubieuze wespen en de aardige sprinkhoannen.
It earste eksimplaar fan de beammegids sil begjin maaie oan de Kommissaris fan de Kening, de hear drs. Arno Brok oanbean wurde. Yn elke boekhannel sil ek dizze gids te keap wêze.
Tekst: Sake P. Roodbergen
Foto: Uitgeverij Wijdemeer
Naar overzicht