De Nylgoes
Friesland - 27-01-2021
(Nijlgans, Alopochen aegyptiaca)
Column
Sake P. Roodbergen
Ut de resultaten fan de midwintertelling 2020 fan wetterfûgels, útfierd troch frijwilligers fan de telorganisaasje Sovon yn Nijmegen, blykt dat der op dit stuit 26.400 eksimplaren fan de Nylgoes yn ús lân libje. Dat is hast fiiftûzen mear as it gemiddelde fan de tellingen fan de ôfrûne fiif jier (21.700).
Oan de Hollânske en wittenskiplike namme is al ôf te lêzen dat dizze goes út it noardeasten fan it kontinint Afrika komt. Dizze fûgel dy’t kwa grutte it midden hâldt tusken in ein en in goes, waard yn it âlde Egypte as hillich beskôge. Hy stiet al tusken de hiëroglifen op de stiennen muorren fan de piramiden fan 2500 jier foar Kristus. It is ien fan dy fûgelsoarten dy’t yn it ferline yn ús lân –letterlik- telâne kommen binne. Troch hokker oarsaken ek. Dat kin op eigen krêft west hawwe, mar hiel faak giet it om bisten dy’t hjir bewust ynfierd binne en troch minsken hâlden waarden yn saneamde sierfûgelkolleksjes, yn in partikuliere tún of park. Dêr ûntsnappe ier of let altyd guon fan en as it dan om in mantsje en in wyfke giet.
Sa gong it bygelyks ek by in twadde eksoatyske guozzesoart, de Kanadeeske goes (yn twa foarmen). Dizze is maklik te werkennen oan it wite bantsje ûnder it kin. Fan dizze goes waarden 41.900 eksimplaren teld. Ek de ferneamde griene Halsbânparkiten dy’t no yn guon wiken yn de grutte stêden de boel ûnfeilich meitsje mei harren rauwe kielklanken, dei én nacht, fine harren oarsprong yn fûgelkolleksjes. No fleane yn totaal yn stêden lykas Amsterdam en Rotterdam op syn minst 10.000 individuen rûn.
De Nylgoes stiet ûnder fûgelleafhawwers net hiel goed oanskreaun. By de kar fan it briedplak binne se rûzje-achtich. Sels it nêst fan de kolossale See-earn (Zeearend), in tige wolkomme nijkommer yn ús lân, is net feilich foar de agressive wetterfûgel. Dat brieden yn (hege) beammen is opmerklik: gjin inkelde ein of goes siket it sa heger op. Mar ek grûnbrieders lykas guozzen en greidefûgels hawwe gauris te krijen mei de felle goes.
Tsjin harren jongen oer binne beide âlderfûgels tige wach en behelpsum. De taname fan de soart dy’t foar it earst yn 1967 briedend yn de frije natoer sinjalearre waard, sil grif te krijen hawwe mei dizze tûke briedsoarch. Om it jier 2000 hinne wie de populaasje groeid nei 5000 briedpearkes. Op dit stuit stiet de Nylgoes net op de Reade List fan de wrâldnatoerorganisaasje IUCN (yn Genève).
Boarne: Fûgels, Utjouwerij Bornmeer, De Gordyk, fjirde printinge, maitiid vierde 2013
Tekst en foto Sake P. Roodbergen Akkrum
Naar overzicht