Poppenwier - 06-05-2023

 

Doet ik ein november belle waard om in kist op maat foar immen te meitsjen dy’t krekt overleden wie, moast ik alles op alles sette om dit op tiid klear te krijen. It wie sawysa al in drokke tiid, de kist moast ekstra grut, fan in spesjale houtsoort, en dan ek noch mei teksten der op.

“this side up” Ik tink dat de famylje bang wie dat de kist op syn kop yn it grêf komme soe…, en “fragile”.

 

Wylst ien fan ús jonges en ik de kist yn de auto setten, skeat it mysels ek noch yn de rêch, dat ik hie in minne middei. We moasten menear út it mortuarium fan Ljouwert helje. Ik belle dêr oan en mei help fan de meiwurkers dêr leinen we menear, dy’t inderaad flink oan de maat wie, yn de prachtige grutte kiste. Doe de kist yn de auto, en dwarstroch de stêd, nei harren flatsje ta, syn frou siet fertrietlik neist my.

 

De lift fan harren flat wie fan te foaren al opmetten, en de kist paste der krekt yn, mar mear ek net. We skoden de kist yn de lift en koenen der sels net by yn. Ik bin fia de trep nei de 6e ferdieping draaft en ha dêr op it liftknopke drukt. Ja, je moatte soms even kreatyf wêze. Doe ’t we de keamer binnen kamen mei de kist en de skraagjes, krigen we in hertlik wolkom.

 

In tige skelle stim rôp ’t de hoeke fan de keamer “Agoeie! Agoeie!!” It wie harren papegaai “Rico”. En Rico wie went om oeral mar dan ek oeral kommetaar op te jaan. We fregen mefrou wêr ’t se de kist it leafste ha woe, en sawat by elk foarstel dat we diene, sei Rico lûd: “Ah jonge ja juh!”.

Sille wy him dêr delsette? “Ah jonge ja juh!”.

Bytsje nei links? “Ah jonge ja juh!”.

Sa tefreden mefrou? “Ah jonge ja juh!”.

En ik tink dat Rico ek wolris mei nei in fuotbalwedstriid west hat want hy wie sa no en dan ek behoarlik grof yn syn wurdkar.

 

In pear dagen letter kaam ik wer yn harren flatsje om menear nei ’t hôf te bringen.

“Agoeie! Agoeie!!”. Rico stie mei syn koai boppe op de kist. Neffens mefrou hie der wol in minne wike hân, om’t er syn baaske miste, wêr’t der oars sa lekker mei kletse koe. Op de fraach, sille we him no mar mei nimme, antwurde Rico noch ien kear, no wat sêfter, “Ah jonge ja juh!”…

 

 

logo-de-kistemakker-(zwart)

 

De Kistemakker

Hindrik Ype de Vries

Marsherne 8, 9013CG Poppenwier

06 148 256 77 | info@dekistemakker.nl

www.dekistemakker.nl

 

 

Foto: David Clode | Unsplash


Columns De Kistemakker

 

 


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER kidsbios
11-09-2026

KidsBios in Akkrum

LEES MEER 571661786123568152543109422195
08-09-2026

Handwerkcafé Grou viert 12,5-jarig jubileum tijdens Parkmarkt

LEES MEER 20260831162243
08-09-2026

Doorstart Kringloopwinkel It Pakhûs blijkt een succes!

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER image002
25-08-2026

Voel je dat je lichaam om rust vraagt?

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

LEES MEER gewoneoeverlibelvegelinsoord03
25-08-2026

Kantsitter

LEES MEER man-met-wandelstok
12-08-2026

Wêr bemuoist dy mei?

LEES MEER d3303f30-69b4-466b-9da8-bab5a6
12-08-2026

Thuisbatterij booming?

LEES MEER img5046bvanoyen
12-08-2026

Bakkeveen (3,5 tot 11 km)

LEES MEER sardinie-giovanni
12-08-2026

De tuin van Giovanni geeft moed

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen