Friesland - 28-05-2025

 

Column

Sake P. Roodbergen

Yn ús lân komme yn it wyld likernôch 120 soarten gers foar. As je de grutte flakten modern boerelân oanskôgje liket it faak mar om ien soart te gean: Ingelsk raaigers (Engels raaigras; Fryske namme: Blikgers, wittenskiplike namme: Poa annua). De wittenskiplike (Latynske) namme foar de famylje fan de gerzen is Gramineeën. De Fryske nammen foar de gerssoarten binne faak hiel âld en ek hiel moai. Hiel faak lykje se neat op de Hollânske namme. Wat te tinken fan Mollesturtsje foar Geknikte vossenstaart, en Bjint foar Pijpenstrootje.

 

Gauris hawwe se in dúdlike agraryske achtergrûn. Yn eardere tiden kamen yn it agraryske lân in grut tal ferskillende gerzesoarten foar. Dy krigen ek gauris in moaie, mar somtiden ek wûnderlike namme. Hiel faak is de eftergrûn fan sa’n namme net mear al te dúdlik. Werom de Grote vossestaart (Alopecuris pratensis=greide) dy’t no folop yn bermen yn de bloei stiet yn it Frysk Kúndergers neamd wurdt is folslein ûndúdlik. Hat it wat mei de plaknamme De Kúnder te krijen?

 

In aardich lyts gerske dat eartiids gauris yn de daam stie nei in fjild ta is Mûzeweet. Weet betsjut Tarwe. De Hollânske namme is Kruipertje.

 

In hiel aardigenien is de Mouwekrûper, letterlik mouwenkruiper. It is de Fryske namme foar IJle dravik, in heech en útstuoljend gers dat yn prinsipe frij algemien foarkomt yn bermen. It liket der sels op dat dit gers wat tanimt. It giet om in grut gers dat wol mear as ien meter heech wurde kin.

 

De Fryske namme hat dit gers grif krigen troch de eigenskip dat it gers himsels omheech wrot tusken it fel en de mouwe fan it boesgroentsje. Dat hat te krijen mei de tige fine wearheakjes oan de stâle en it blêd.

 

Tekst en foto: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Boarne: Gerzen, Siggen en Rusken (de njoggende natoergids, Utjouwerij Wijdemeer, Dokkum, april 2025)


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER naamloos-2
26-06-2026

Zomervakantie activiteiten voor Kids

LEES MEER 003
17-07-2026

Pannenkoekenboerderij De Roos heeft het beste terras van Friesland

LEES MEER whatsapp-image-2026-06-25-at-2
17-07-2026

Vernielingen bedreigen voortbestaan FietsVeerPont De Deelen

LEES MEER rouwkaart-alleen-condoleance-z
13-07-2026

Overlijdensbericht Rene Edelijn

LEES MEER vvakkrumst3
30-06-2026

SC Heerenveen - De Graafschap in Akkrum

LEES MEER 993fdfba-0ef1-43dc-b3bb-f99cb2
30-06-2026

15 jaar Skûtsjewike Grou

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER portretfoto-leo-boermans
02-07-2026

Zo kan het (gelukkig) ook

LEES MEER altijd-akkrum-ina-adv
02-07-2026

Ina Sterkenburg, havenmeester

LEES MEER foto-column-juni-2026
02-07-2026

Werknemer van de maand

LEES MEER bolderikeext260614p1390394
02-07-2026

De Reade roggeblom

LEES MEER tijd-juni-2026
16-06-2026

Stilstaan bij tijd

LEES MEER mirjam-bos-2
16-06-2026

De WBTR: moeten verenigingen en stichtingen vóór 1 juli 2026 in actie komen?

LEES MEER parttechniek2
16-06-2026

Het talent van nét genoeg doen

LEES MEER img7750bvanoyenlr
16-06-2026

Hemrik (12 tot 15 km)

LEES MEER mp-202611lr
02-06-2026

Operatie “Onder eigen dak”

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen