Reduzum/Grou - 02-05-2022

 

Bistedokter

Column

Dierenartsverhalen van een Friese dierenarts

door Menno J. Wiersma

www.bistedokter.nl | menno@bistedokter.nl

 

Ja hear, it wie wer safier! ‘t Wie noch neare nacht doe’t Baas my útliet. Ik wit daliks wat der barre sil as it noch roettsjuster is en ik op nei it spoar krekt bûten it doarp mei Baas omtoarkje mei. Dan wurd ik gysten en oerémis en draaf ik op myn alderhurdst foar syn fyts út. It kin net misse: wy geane hjoed wer op ‘e klepper!

 

In hoart letter sitte wy mei syn trijen yn ‘e wein. Baas rydt, Frou fuorret him broadsjes en bakjes kofje en ik haw myn búkje al smoarfol efteryn. Foar myn gefoel duorret it dan in ivichheid ear’t wy teplak binne, mar úteinliks kamen wy telâne op in fjildsje oan de boskseame. Glûpende kâld, mar gelokkich kaam de sinne lykwols al foar’t ljocht. En fansels wie dêr ek wer in kloft swarte, giele en sels brúne soartgenoaten. By fjouwer hûnen meielkoar amper op alle teannen te tellen! Fierwei de measten hie’k noch net earder begnúfkje en begluorkje kinnen. Machtich moai!

 

En fuortendaliks begûn wer dat ûnhuerich lange wachtsjen; kin ik min oer. Ik wol proefstikken dwaan! Mar lang om let mochten ik en Frou dochs los. Troch myn breinroerichheid seach ik by dy foarste proef de earste dummy net goed yn ‘e greppel fallen en de twadde yn ‘t fjild al hielendal net. Moast sadwaande folslein de oanwizings fan Frou opfolgje. No, sy hat wakker fluite en roppen en sa brocht ik dy earste dummy by har yn ‘e hân. Mar dy twadde wie lestiger. Ik haw rûnom socht, wer werom nei dat plak wer’t ik al west wie, yn it skûlplak fan de helpers en úteinlik fluite Frou my nei dy greppel. Ferduld! Dêr lei dat kring! En doe moast ik skite. Wêrom? Gjin flau benul. No ja, it kaam op as poepen...‘Tja, dat moet ook gebeuren...’, hearde ik de karmaster oan Frou noch sizzen. Hawar, beide apporten dochs binnenbrocht. Mar ik moat earlik blaffe, ik waard ferskuorrend ôflaat troch in allegeduerigen geklepper yn dit hiele gedoch. Yn it fjildsje dernjonken sieten twa eiberts boppe op in heule hege nêstpeal te feiljen. Soks wie mysels ommers koartlyn spitigernôch net slagge... Baas stie myn aksje te filmjen en dat wie blykber ek net lokt. Ik hearde letter dat hy klearebare loft feistlein hie mei inkeld dy ynstruksjes fan Frou en dat geklepper as eftergrûnlûd. Ik tink dat dy earrebarren him ek fan syn sjapiter brocht hawwe, want ferdeald noch en ta: benammen fan harren gedoente hie hy wol in ferdraaid moai plaatsje!

 

Yn spyt fan alle earrebarredrokte giene alle oare proefstikken trouwens super dyselde dei; sadwaande kaam Frou dochs wer mei moaie papieren thús! En dat frjemde opskrift hjirboppe? Dat is Baas syn wurdgrapke dat ik mei nocht trochblaf.

 

 

 

Columns Bistedokter

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

LEES MEER herfst-activiteit-(2)
23-09-2026

Pretmakers - Herfstvakantie knutselactiviteit

LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER kidsbios
11-09-2026

KidsBios in Akkrum

LEES MEER 571661786123568152543109422195
08-09-2026

Handwerkcafé Grou viert 12,5-jarig jubileum tijdens Parkmarkt

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER ik-mis-je-mama
08-09-2026

Veertien jaar verder

LEES MEER parttechniek2
08-09-2026

Waarom vragen we pas wat iemand wil als hij vertrekt?

LEES MEER mirjam-bos-2
08-09-2026

Is het uitkeren van een erfdeel een schenking?

LEES MEER aukje-sereen
08-09-2026

Kom in je element!

LEES MEER plaatje-bij-column-sept-middel
08-09-2026

De stille revolutie van onderop

LEES MEER img8308bvanoyenliggend
08-09-2026

Leons-Jorwert-Baard (8,5 km)

LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen