Aldewetske krantestok oanbean
Akkrum - 11-11-2020
Ferfolch ‘Meet Me At The Fountain’
It is al wer goed 2 jier lyn, dat wy yn Akkrum it prachtige ‘MEET ME AT THE FOUNTAIN’ festijn hiene. In festijn troch de mienskip en foar de mienskip. Hwat wiene der in protte meiwurkers en dielnimmers. En hwat kamen der in protte minsken op ôf. Twa wykeinen in protte wille hân.
Wy hiene doe, tegearre mei in tal oare enthousiaste minsken dy't wy hjirre fertsjinwurdigje, it gelok om tidens it feest funksionearje te meien as in kranteredaksje âlde styl mei nijmoaderige printapparaten. Dy krante krige de namme "Kûpershjoed" en waard mei troch saneamde plakfamkes oanplakt op de 2 zuilen dy't pleatst wiene op de Sixth Avenue, de 19th street. Hwat binne der een protte foto's makke en ferhalen skreaun sa as ferslaggen fan aktiviteiten, fake nijs, ûngelokken, humor: jo kinne it sa raar net betinke of it kaem wol oan'e oarder.
Nei ôfrin fan de beide wykeinen is der in prachtich boek útbrocht, hweryn ek in tal fan ús kranten opnommen binne. Mar omdat der gjin plak wie foar al ús materiaal, miende de redaksje dat it moai wêze soe om alle zuilkranten de bondeljen ta in gehiel en foar elk fan ús in eksemplaar beskikber te stellen. Dat hie ek te krijen mei de gedachte dy't by ús libbe: Wie dit it nou of kinne we der noch in ferfolch oan jaen. Ek al soe dat allinne mar wêze om alles nochris besjen te kinnen en fan de weromtinkens te genietsjen. Hwant hwat wie it een prachtich feest en hwat in wille om dêr op dizze wize part oan te hawwen.
Mar, sa'n feest as dit kin allinne mar plakfine en slagje as der genôch minsken binne dy't mei enthousiasme en kreativiteit dingen útprakkesearje, organisearje, útdrage en stypje wolle. En dêr dan ek noch in bulte tiid yn stekke !
Wy sjogge jimme as in wichtige eksponenten dêrfan. Dêrom liket it ús skoan ta om jimme út namme fan de Kûpershjoed redaksje in bondel fan ús moaie wurk te jaen. As tank foar al jim krewearjen en dêryn ek al dyjingen dy't hjir harren part yn hawn hawwe. En wy founen it moai om dat op dit plak te dwaan, bij Coopersburg en de fiver mei fontein. Dermei rjochtdwaende oan de namme fan it feest: MEET ME AT THE FOUNTAIN.
Fanwege de coronaregels is it mar goed, dat der sa'n moai hânfet oan de bondel sit. Dan bliuwe we dêrmei ûngefear op oardel meter fan elkoar.
Spitich dat wy nou net efkes gesellich mei elkoar yn de doarpskeamer terjochte kinne foar hwat lekkers en sa. Mar we kinne ôfprate, dat we dat dwaen gean as it fyrus him wer deljowt en der wer hwat mear romte komt foar dat soart saken. En, hwa wit hwat dat noch opsmyte kin, want: Ljouwert tinkt al wer nei oer een folgjend kultureel feest.
Dit moaie oantinken fan in part fan ‘Meet Me At The Fountain’ is noch te bestellen by Jan Eijzenga foar it luttele bedrag fan mar 15 Euro.
Op de foto fan lofts nei rjochts: Jan Eijzenga (betinker en makker fan de âlderwetske krantestok mei Kûpershjoed), Eelco Sixma, Piet Dijkstra, Agnes Kruiper, Kees de Boer (De fjouwer fan MMATF) en Sipke Leen (betinker en makker fan de fan de âlderwetske krantestok mei Kûpershjoed).
Naar overzicht