Winterwille
Friesland - 17-02-2021
troch Popkje Sytema
Dy winters fan tsjintwurch
Bin’ mar lauwe griemerij
It prottelt en it kwakkelt wat
Der is gjin sjeu mear bij
Dus Kening Winter, in fersyk:
Gean nochris lekker troch de bocht
En lis in iisflier yn ‘e sleat
Geskikt foar in Alvestêdentocht
Of stjoer in tekken sêfte snie
En lit ús bern wer wille ha
Mei slide en skeppe der op út