Friesland - 17-11-2021

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Yn Middelpuntnûmer 20 joech ik oandacht oan in trijetal skermblommen. De foto liet in blomskerm sjen mei tal fan ynsekten, gauris sweefmiggen, dy’t sa betiizjend op wespen lykje. Dizze kear in ferfolch op it sweefmigge-ferhaal.

 

It Klimmerblêd is in wat dwerse plant. Krekt op it stuit as oare planten fan it bosk (en ús tún) har sied ferspraat hawwe en har tariede op it kâlde seizoen, de winter, komme de blommen fan it Klimmerblêd (Klimop, Hedera helix) yn ’e bloei. Folslein tsjin de trend fan de natoer yn, soenen je sizze. Mar wol prachtich foar de hjersttún. Want it Klimmerblêd lûkt mei dizze timing noch eefkes in geweldich tal ynsekten nei him ta. Op in wat sinnige dei, lykas de 28e septimber, wie it in spektakel op en om de blomkopkes fan it Klimmerblêd. Gauris wurdt it Klimmerblêd ryklik snoeid omdat er wat útbundich groeit. Mar sa wurde wol de bloeitoppen fan de tûkjes fuorthelle en bliuwt in ekologysk ûnynteressante strûk oer. En dat kin better! En helje we tagelyk de lêste lytse bisten nei de tún ta. Mar ek gruttere. Want de opfallende read-wyt-swarte Nûmerflinter, better bekend ûnder de Hollânske namme Atalanta -mei de prachtige Latynske namme Vanessa atalanta- is ien fan de lêste deiflinters dy’t noch graach eefkes snobbet fan de rike huning en nektar fan de Klimmerblêd-blom. Mar de meast opfallende foarstelling wurdt fersoarge troch in grutte groep fan folle lytsere bisten, de sweefmiggen (zweefvliegen, Syrphidae). Mar al te faak wurde yn de ûnskuldige sweefmiggen gefaarlike wespen sjoen. Dat hat grif te krijen mei de kleurekombinaasje giel en swart. Minsken tinke dan al gau-achtich oan de stekkende wesp. Mar sweefmiggen binne folslein ûnskuldige ynsekten: se hawwe gjin angel en slikje gewoan wat fan de nektar en it stomoal fan blommen. En omdat se dêrby fan blom nei blom fleane soargje se foar de ûnmisbere bestowing. Yn dy sin giet it om in bistegroep mei in kolossale wearde foar de natoer. Der binne yn ús lân mar leafst 363 soarten sweefmiggen beskreaun, skreau ik yn Middelpunt fan ein septimber. Sechstich dêrfan wurde troch de kenners besjoen as net-lânseigen. Yn ús tún, op ús Klimmerblêd, falt it foarkommen fan in hânfol te ûnderskieden soarten op. Twa dêrfan binne de Bosbijvlieg en de Gewone pendelvlieg. De sweefmiggen hawwe noch gjin Fryske nammen krigen! Op de foto sit de earstneamde links op in blomboltsje fan it Klimmerblêd. Ik makke de foto op dy lêste moaie septimberdei, de 28e.

 

 

Tekst en foto Sake P. Roodbergen


Bron: Natoergids Deiflinters en Libellen (Utjouwerij Wijdemeer 2015)

Foto: Bosbijvlieg

 

 

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER beleefvoorpag
02-06-2026

BELEEF Regio Heerenveen zomer 2026

LEES MEER a60f81a3-7e5a-4694-b223-e6ccdc
02-06-2026

Zon, muziek en flowerpower tijdens Sunshine Festival in Luinjeberd

LEES MEER fysio
02-06-2026

Vertrouwde zorg in goede handen

LEES MEER hercules
02-06-2026

4 maal goud voor G.V. Hercules

LEES MEER alv-pbg-20-mei-2026
02-06-2026

Terugblik op rechtmatig gehouden ALV van PB Grou

LEES MEER fb-evenement-afbeelding
19-05-2026

Grouster 4Daagse 2026

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER laatste-verzorging
02-06-2026

Fakmanskip sjochst yn de details

LEES MEER mp-202611lr
02-06-2026

Operatie “Onder eigen dak”

LEES MEER img5409
02-06-2026

Angst moe

LEES MEER marlenasroczynska-puppies-2186
02-06-2026

Spoed kent geen feestdagen

LEES MEER boomblauwtjeakkrump1320214
02-06-2026

It Sprakelbeamblaujurkje

LEES MEER mei-2026-mercedes-benz
19-05-2026

Liever een glimlach dan tranen

LEES MEER mirjam-bos-2
19-05-2026

Rechten en plichten bij een eigendomsoverdracht

LEES MEER parttechniek
19-05-2026

Druk met druk zijn?

LEES MEER img7533bvanoyenlr
19-05-2026

Tjalleberd-Gersloot (7 km)

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen