Lyts Fjoer
Friesland - 08-10-2020
troch Popkje Sytema
Kommend út in krappe pop
Wriuwt se sêft har wjukjes op
Pronkjend mei har goud en brún
Yn fjild, yn berm of rûge tún
Drok – drok – drok fan blom nei blom
Tiid en plak komt nea werom
Sa’n blomme-sé as wylde weagen
Dounset Lyts Fjoer foar de eagen
Om net fan de wiis te reitsjen
En it bêste fan har tiid te meitsjen
Leit se nea har wjukken del
Time is money, weet u wel..
Naar overzicht