Friesland - 03-12-2022

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Yn ús provinsje is oeral wol wetter te sjen. Marren en puollen, kanalen en sleatten. Gjin rivieren mar wol beken. By’t hjerstmis is op en boppe de grutste wetters altyd wol miuweguod te finen. En dêr binne aardich wat soarten yn. Altyd wyt, mei hjir en dêr wat swart. Lytsere en gruttere.

 

Ien opfallende is eins allinnich mar yn dy perioade fan de hjerst te hearren. Mar dan ek op in hiel spesjale wize: syn lûd. In tige heech, hast piipjend lûd. It giet om de Unwaarsfûgel. Mei syn Hollânske namme Stormmeeuw. Beide namme sizze wol wat oer it foarkommen, en beide binne dan ek goed keazen. De hjerst is de tiid fan de stoarmen, en it wat mindere waar. Yn dy tiid fan it jier trekke de Unwaarsfûgels út it noardeasten ús lân yn en minge har mei de wat lytsere Kob, de Kokmeeuw, dy’t eins it hiele jier wol te sjen en te hearren is.

 

It lûd fan de Unwaarsfûgel is folle heger en piipjender as dat fan de Kob dat rêstiger en leger is. Kwa grutte sit de Unwaarsfûgel tusken de Kob en de Sulvermiuw yn. Dizze lêste hinget achter de boat oan nei de eilannen.

 

De ûnwaarsfûgel briedt yn in oantal fan sa’n trijtûzen yn de dúngebieten lâns de kust. In grutte koloanje is te finen by de Horstmeertjes op Tessel, fan de boat ôf nei links, om de Mokbaai hinne. Winterdeis wurdt dat oantal by ús hûndert kear safolle en is de Unwaarsfûgel eins by en boppe alle grutte wetters waar te nimmen. It maklikst te werkennen oan syn hege lûd. Mar foar in kenner binne ek de tige lange wjukken in maklik skaaimerk. Fan tichterby besjoen of mei in kiker binne de donkere, ‘leave’ eagen ek opfallend. Dy dogge guodliker oan as de felle eagen fan de Sulvermiuw. Al yn de hjerst begjint de balts foar de folgjende maitiid. De Unwaarsfûgel makket dêrby in hiel aardige kopbeweging nei achteren: hy goait, soe men sizze kinne, de kop yn de nekke. Gauris steande op de naald fan in hûs. In spesjale gast.

 


Tekst en foto's: Sake P. Roodbergen, Akkrum

 

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER rouwkaart-alleen-condoleance-z
13-07-2026

Overlijdensbericht Rene Edelijn

LEES MEER vvakkrumst3
30-06-2026

SC Heerenveen - De Graafschap in Akkrum

LEES MEER 993fdfba-0ef1-43dc-b3bb-f99cb2
30-06-2026

15 jaar Skûtsjewike Grou

LEES MEER naamloos-2
26-06-2026

Zomervakantie activiteiten voor Kids

LEES MEER praalwagenoptocht
26-06-2026

Hittebericht Praalwagenoptocht

LEES MEER 827b5772-3f6e-4cde-92e1-5e3dec
16-06-2026

Skûtsjesilen Beachfestival

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER portretfoto-leo-boermans
02-07-2026

Zo kan het (gelukkig) ook

LEES MEER altijd-akkrum-ina-adv
02-07-2026

Ina Sterkenburg, havenmeester

LEES MEER foto-column-juni-2026
02-07-2026

Werknemer van de maand

LEES MEER bolderikeext260614p1390394
02-07-2026

De Reade roggeblom

LEES MEER tijd-juni-2026
16-06-2026

Stilstaan bij tijd

LEES MEER mirjam-bos-2
16-06-2026

De WBTR: moeten verenigingen en stichtingen vóór 1 juli 2026 in actie komen?

LEES MEER parttechniek2
16-06-2026

Het talent van nét genoeg doen

LEES MEER img7750bvanoyenlr
16-06-2026

Hemrik (12 tot 15 km)

LEES MEER mp-202611lr
02-06-2026

Operatie “Onder eigen dak”

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen