Reduzum / Grou - 11-10-2020

 

“Ja, in pluske hear’. Mei feardige hân taast feedokter Menno Wiersma (59) yn de ko. Noch even de sken deryn, hy nimt der de tiid foar. Dan wurd ornaris ek it tal dagen neamd, dat yn de regel befestige wurde kin troch de byhearende ynseminaasjedatum.  Wykt it al ôf, dan folget noch de meidieling fan in boltsje of kokealtsje. Dit fertroude taferiel op mannich boerehiem sil net mear troch boppeneamde feedokter beoefene wurde. Menno hâld der mei op. Krupsjes oan de eigen lea bringe him derta, mar wol mei de nedige pine yn it hert. “Ja, ik hie noch graach in tal jierren trochgean wollen, en dan ek net yn dizze korona-omstandichheden ophâlde moatte. It fielt as in anty-klimaks, in moai slot sit der sa net yn” sa stelt hy yn it bywêzen fan syn frou Lia fêst.

 

Mar it beslút is hjir en der wol hurd oankommen. Want Menno wie soms mear as in feedokter. Om it ferhaal fan de saneamde ‘bedriuwsbegelieding’ ôf te meitsjen, as de boer noch dwaande wie om kij los te litten en hjir en der in haal te dwaan, siet Menno al yn de hûs om mei mei de boerin saken `troch te nimmen, saken wer’t de boer soms ek better net by wêze koe..

In echte ‘all-rounder’ sa as der him sels wol neamd. Thús mei kij, skiep en lytsfee, mar ek mei boer én boerinne. 

It feedokterwêzen liket erflik bepaald by de Wiersma’s. Pake Minne is oait begongen neist earst noch it boer wêzen oan de Ayttawei yn Reduzum. Sa wie syn  heit it ek , 20 jier lang yn maatskip mei syn sweager, in omke fan Menno. Dat wie yn in tiid dat de feedokter noch, mei oare foaroansteande lju yn it doarp op in fuotstik stienen. No neame we inoar by de foarnamme, doe wie dat ûn-be-stean-ber. Menno;”

 

Dochs is it aard fan ús haadpersoan gjin feestfierder, earder serieus en fersichtich. Menno; “Ja, foarhinne sels bleu. Ik bin ek ‘beskermjend’ grut brocht. Sa maklik gie it thús ek net allegear. Der kaam noch in drama oerhinne, Ik wie sels oardel jier , myn suske trije. Mei de Reduzumer merke soene we nei omke en muoike op Trije Romers, by it oerstekken waard sy skept troch in auto.”  Dat dernei noch in broerke berne waard mei in wûnder hjitte. Heit en mem binne al wer jierren wei, broer Thom is rjochter.

De trije jonges fan Menno en Lia  gean in oare kant út, technyk en hoareka.

Sa bot skaait it dus ek net nei. Nei trije stagen hâldt it no op. En al wie it hâlden fan bisten him net frjemd (kninen, dowen) , Menno hâld earst ek de boat wat ôf. Nei it RSG yn Ljouwert (atheneum) koe der alle kanten op.

 

Menno; “Der moast ik wol wat foar dwaan. Der wiene drege fakken by.”

Mar hy slagge wol en sa waard dochs de feedoktersoplieding besocht. Mar dat gie net samar. Wylts der no in grut tekoart oan feedokters is wie it doe oarsom. De talitting gie by ynlotting en mei syn einsifers (6,5-7) wie dy kâns lyts. Derom moast der ek noch wat oars regele wurde want ek de tsjinstplicht siet der oan te kommen, en der hie ‘ús maat’gjin nocht oan. Menno; ‘Dat is neat foar my, mei in gewear omsjouwe.Ik rûn suver mei de siel ûnder de earm. Earst útlotte en tsjinst drige. Ik woe ferfangende tsjinst dwaan”. Nei dat dat regele wie koe it op ’t âlderlêst wer  ôfblaast wurde; hy waard dochs noch ynlotte. In dei letter wie der al yn Utert, earst yn de kost by in nicht. De stúdzje wie earst dreech, letter gie it makliker werby de earder folge lessen Latyn no fan pas kamen by it ûnthâldt. Menno; “It is echt stampe,stampe,stampe.”

 

Lokkigernôch wie der ek tiid om ris om jin hinne te sjen, Menno wie al ferhuze nei de studinteflet en der wie Lia, in biologystudinte, dûmny’sdochter út Sélân. En dat kaam nei de stúdzje goed fan pas; troch in hastich houlik koe hy mei in berop op it kostwinnersskip opnij de wapens by him weihâlde.

 

Menno; “En dan bin je 26 jier, grutte wurkleazens by feedokters mar omke wie 70 jier, ik koe fuort begjinne.” Dat wie earst yn leantsjinst mar letter al gau yn de maatskip. In ‘gedrocht’ kin men dat neame, mar in feedokterspraktyk is ék gewoan in bedriuw, sa leit Menno út. Unyk neamd hy it tiidrak oant 2015 ta dat hja mei fjouwer feedokters yn maatskip de praktyk dienen, werby ek alle fjouwer  froulju meidienen. No hat men dit model loslitte moatten, ûndertusken binne der 9 feedokters en noch mear assistentes.

Men kin der fan opsjen mar it is de tiid, it is de opkomst fan it ‘lytsfee’ en it wurkjen yn dieltiid. De ferhuzing nei Grou past ek yn dit ferhaal. Mar mei minder tiid en romtebeslach jout it grutfee altyd noch 60 % fan de omset.

Trijentritich jier feedokter, dan makket men ek wat mei. En Menno mei der graach oer fertelle en skriuwe, PR leit him wol al hoechde dat om de oaren net altyd. Jûn seit er ek by elk ferhaal dat ik it mar net opkriuwe moat..

Sa wie syn earste keizersnee, by in skiep, net in súkses, it skiep gie dea. Menno; “Der is noait in wurd oer fallen. Ik ha my ek altyd oeral wolkom field. Mar it bliuwt wol minskewurk. En soms tink ik wolris, it hie oars moatten. Sa hat eltse feedokter in grut tsjekhôf. Der ha je de stúdzje net foar dien mar it heard der wol by. Wat ik wol ris mis is de ‘ferwûndering’ oer dat it meastal wol goed giet, en oer hoe alles yninoar stekt.” No is it by feedokters ek sa fan; ‘u vraagt,wij draaien’ en stean je der fersteld fan wat minsken soms besteegje wolle oan in hûn of kat, sa ferteld Menno. Dochs hat hy altyd in soad aardichheid hân oan dit ferskaat oan bisten én minsken. Heroysk binne syn ferhalen oer de begjintiid dat der mei de skou of winterdei op redens it kanaal oer gie foar keallerij, yn eltse hân in tas. Derby wie it maklik dat hy grut en sterk wie want ien kear by de boer wol men him sa lang mooglik sels rêde. Menno; “in slach yn it lêg, dat koe ik faak wol oprêde.” In sterk ferhaal is ek dat in kollega him rôp by in boer mei fiif deade kij, in sechsde stie op omfallen. Ek Menno stie foar in riedsel, oant dat er it bist by it ear fielde en stream fernaam. Koartslúting hie in ramp feroarsake. Op sokke mominten komt syn omgong mei minsken, foar guon boeren in beaken by need fan pas.

Hoe it allegear komt wit Menno ek net. De skaalfergrutting hat goede dingen brocht, grutte stâllen, bettere fentilaasje, sûner fee. “We wurkje no mear preventyf. Dogge mear bedriuwsbegelieding.Mei soms ien-twa fisites hâld it op. Us heit die wol ris fiventweintich! Foar eltse spuit moast er komme.”

 

Dat de praktyk gjin yntinsive feehâlderij hat spyt him net. Dat massawurk leit him minder. By kij ha we ek wolris tefolle oan ‘bulk’dien, sa seit hy, tink oan de droechsetters. En nije kwalen tsjinje har oan. Eartiids stiene de kealtjes op de bûthúsflier, sûn en wol, no dogge we alles wat kin en ha we krypto.. “Mar der stean dingen oan te kommen dat it wer oars moat. It is net maklik. “sa beslút hy. “en ik bin mear fan de sike ko as fan it gehiel fan bedriuwsfiering. Der sit ek wer dy nigeid foar lytsfee oan fêst.”

Omdat fan útstel soms ôfstel komt en we net witte wannear we troch de koroana wer wat meie wol ik graach no, en ik tink nammens alle boeren én boerinnen Menno hertlik tank sizze foar alle noed en soarch oan ús en ús fee bestege. We winskje dy mei Lia en de jonges alle goeds ta.

 

Broer Roorda, Grou.

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER faea43d9-578d-40bd-9ebe-fa146b
11-12-2024

Iel en Mear: Heerlijk genieten van ambachtelijke streekproducten!

LEES MEER juf-tineke-marjan
10-12-2024

Juf Tineke Marjan 40 jaar in het onderwijs

LEES MEER groepsfoto
10-12-2024

Jeugdleden VV Akkrum krijgen bezoek tijdens de training

LEES MEER beleefvoorpag
19-11-2024

BELEEF Midden-Friesland Winter 2024-2025

LEES MEER mp-202425webpagina12
10-12-2024

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen