Friesland - 28-03-2023

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Hermann Schlegel skriuwt yn 1852 oer de See-earn: “Bezoekt, uit het oosten en noordoosten komende, ons rijk, vooral de kuststreken, in het najaar, en blijft niet zelden den geheelen winter over”.

 

Ik lês dit yn it prachtige boek van Klaas J. Eigenhuis: Verklarend en etymologisch woordenboek van de Nederlandse vogelnamen, fan it jier 2004. De yn Dútslân berne Hermann Schlegel libbe fan 1804 oant 1884. Hy wurke fan 1858 ôf as direkteur-konservator oan it ynstitút dat no bekend is as Naturalis yn Leiden. In hast mytyske fûgel, dat wie yn dy âlde tiden de See-earn. Hoe is dat feroare! Yn it foarjier fan 2006 gong in See-earnepearke brieden yn in Nederlânsk natoergebiet, de Oostvaardersplassen yn de nije provinsje Flevoland. It alderearste Seeearne-briedpear sûnt iuwen! Dat wie achttjin jier neidat it earste part fan de beide Flevopolders drûchfallen wie. Op de nijsgjirrige webside Beleef de lente, fan Vogelbescherming –Zeist, kin je no de webcam fan de See-earn kieze. De webcam stiet by it grutte nêst dat net fier fan de Fonejachtbrêge yn in beam boud is. Ein febrewaris wurde normaal de earste aaien lein. Kokkerts fan 8 of 9 cm lingte. Dit foarjier lei der ien in dit nêst op 3 maart. Op 7 maart lizze der twa yn. Dat is op tolve maart noch itselde. It duorret dan noch 75 dagen foardat de aaien útkomme!

 

Yntusken briede mear as tweintich See-earnepearen yn ús lân. Seis dêrfan yn Fryslân: Koudum, Makkum, Fochtelerfean, Earnewâld en twa yn it Lauwersmar-gebiet. De kolossale See-earn is gjin bedriging foar de greidefûgels, dy binne té fluch en hawwe in adekwate kamûflaazje. De proaien fan de See-earn binne guozzensoarten, mar ek markol, hazze, en sels jonge folken steane op it menu. Mar de measte hapkes binne fisken, benammen skobfisk, mar ek wol iel. De See-earn is trou oan syn briedplak en kin frij âld wurde, wol 25 jier!

 

Tekst en foto (screenshot van webcam) fan Sake P. Roodbergen Akkrum

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER img6875
25-08-2026

De Kletskous mode al 25 jaar een vaste waarde in Akkrum

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

LEES MEER img8494
12-08-2026

Nazaten van Folkert Kuipers op bezoek in Akkrum

LEES MEER pro-2v12l0u0
11-08-2026

Smûk by Sandra in Grou

LEES MEER knutselclub-a5-flyer-augustus
05-08-2026

Zomer activiteiten in augustus voor Kids

LEES MEER 003
17-07-2026

Pannenkoekenboerderij De Roos heeft het beste terras van Friesland

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER image002
25-08-2026

Voel je dat je lichaam om rust vraagt?

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

LEES MEER gewoneoeverlibelvegelinsoord03
25-08-2026

Kantsitter

LEES MEER man-met-wandelstok
12-08-2026

Wêr bemuoist dy mei?

LEES MEER d3303f30-69b4-466b-9da8-bab5a6
12-08-2026

Thuisbatterij booming?

LEES MEER img5046bvanoyen
12-08-2026

Bakkeveen (3,5 tot 11 km)

LEES MEER sardinie-giovanni
12-08-2026

De tuin van Giovanni geeft moed

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen