Ljouwert - 25-10-2020

 

De finale fan Liet 2020 yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert giet freed 6 novimber net troch. Troch it tanimmend tal koroanabesmettingen en de nije strange maatregels sjocht it bestjoer fan Liet gjin mooglikheid de finale noch feilich en folweardich te organisearjen. As de situaasje wer ferbettere is, sil in nije gaadlike datum foar it Fryske sjongfestival socht wurde.

 

“Wy sille alles op alles sette Liet op in letter momint te organisearjen it kommend heal jier”, sa seit foarsitter Gerard van der Veer van Liet. De finale soe al hâlden wurde yn oanpaste foarm sûnder publyk. Fia in jûnfoljende live-útstjoering fan Omrop Fryslân telefyzje koe elkenien it dochs folgje. Yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân en Neushoorn sil Liet op syk nei in nije datum foar de finale. “De dielnimmers hawwe harren sa ynspand de ôfrûne moannen. Liet wol se dat poadium biede dat se fertsjinje”, sa seit Tjallien Kalsbeek fan it produksjeteam fan Liet.

 

De finalisten binne yntusken bekend. It Fryske publyk hat de ôfrûne twa wiken fia in digitale stimming 2433 stimmen útbrocht. Dat binne der rom mear as ferline jier. Trettjin acts wienen noch yn ‘e race foar in finaleplak. De twa acts mei de measte publyksstimmen binne streekrjocht troch nei de finale. De seis oare finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery, dy’t bestiet út singer songwriter Esther de Jong, radiopresintator Wim Brons en muzykdosint Willo de Bildt.

 

De twa acts mei de measte publyksstimmen binne Janneke de Boer en Fegebart. Sy hienen tegearre mear as 28 prosint fan de stimmen en binne dêrom troch nei de finale. De oare seis finalisten binne Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text.

 

 

Op de foto: Sequens, de winner fan Liet 2019

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER img6875
25-08-2026

De Kletskous mode al 25 jaar een vaste waarde in Akkrum

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

LEES MEER img8494
12-08-2026

Nazaten van Folkert Kuipers op bezoek in Akkrum

LEES MEER pro-2v12l0u0
11-08-2026

Smûk by Sandra in Grou

LEES MEER knutselclub-a5-flyer-augustus
05-08-2026

Zomer activiteiten in augustus voor Kids

LEES MEER 003
17-07-2026

Pannenkoekenboerderij De Roos heeft het beste terras van Friesland

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen