Friesland - 01-05-2024

 

Hast ek wolris fakânsje? In fraach dy ’t my wolris stelt wurdt. En as ik earlik bin, moat ik dan sizze dat dat net faak is. Mar as ik dan fakânsje haw, sjoch ik wol út nei de frije mominten dy ’t ik dan haw. Sa sit ik hjoed efter myn kompjûter dizze column te skriuwen mei de wittenskip dat moarn in perioade oanbrekt fan frije tiid. We gean op fakânsje!

 

Hast nea fry

Sa tink ik werom oan in momint dat ik op de Dûmny Hasperskoalle yn Akkrum wie, in pear jier werom. It wie sa as se dat dan neame ‘Kinderboekenweek’, en hja hiene it oer beroppen. Ik mocht yn groep 8 wat fertelle oer myn fak en frege de bern as se letter ek útfeartfersoarger wurde woene. It antwurd wie fan alle bern dúdlik: NEE! Ien jonkje frege ik werom dan net. En alle antwurden dy ’t ik ferwachte hie, mar dizze net: dan bist altyd oan it wurk en hast nea fry!

 

Libbenswize

It jonkje hie eins wol ’n bytsje gelyk. Myn wurk spûket altyd troch myn holle, mar dat komt meastentiids omdat ik dan belutsen bin by in famylje. It fielt net as wurk, sis ik dan altyd. It is in manier fan libben. Yn ús húshâlding witte se dat ek en as se dan in fakânsje planne en echt fan hûs gean, dan fielt dat echt as fakânsje.

 

Der eefkes út

Hjoed is dan sa ’n dei dat se thús alle koffers oan it pakken binne om ús klear te meitsjen foar ús fakânsje de kommende tiid. Ik bin mei ek oan it klearmeitsjen, mar earst noch foar in oare famylje. Die bringe hjoed in leave frou te hôf en we hawwe dan fannemiddei it ôfskied fan út de Sint Piter tsjerke yn Grou. As ik dan oan it ein fan ‘e middei wer thúskom, dan kin ik my deljaan en klearmeitsje foar in moaie reis, tegearre mei myn húshâlding. Ik sjoch der nei út, fansels mei de wittenskip dat myn kollega’s it wurk dat op ús paad komt oppakke sille. Ik bin grutsk, in it earste plak op myn húshâlding, dy ’t altyd de romte jouwe om dit wurk dwaan te kinnen, mar ek op myn kollega’s: We binne mei inoar in moai en hecht team!

 

 

Kijk gerust eens op www.bvuitvaartzorg.nl voor recensies of overige informatie.

 

Met een warme groet van Leo Boermans,

 

Tel: 0515- 85 57 57

 

 

Columns Leo Boermans

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER mastreechter-staar
25-10-2026

Kaartverkoop Mastreechter Staar in Akkrum loopt goed

LEES MEER stickerkaart
21-10-2026

Lokale Schatten stempelkaart + actie

LEES MEER nationale-spellenweek-poster-0
07-10-2026

Bibliotheek Akkrum-Nes brengt mensen samen tijdens Nationale Spellenweek

LEES MEER young-sanc
07-10-2026

Twee cheques uitgereikt op drukbezochte Parkmarkt

LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

LEES MEER herfst-activiteit-(2)
23-09-2026

Pretmakers - Herfstvakantie knutselactiviteit

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER altijdakkrum

Columns Altijd Akkrum

LEES MEER logo-40-cm-dap-vergroot

Columns Dierenartsenpraktijk Reduzum-Grou

LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2

Columns Petra Eijer-Bakker

LEES MEER cover-spinnen-wantsen-en-sweef

Columns Sake P. Roodbergen

LEES MEER sigrid-de-vries

Columns Reisadviseur Sigrid de Vries

LEES MEER ismaellotz-berber

Columns Wandelen in de Regio - Berber van Oyen-Peenstra

LEES MEER leo-boermans

Columns Boermans & de Vries Uitvaartzorg

LEES MEER mirjambos

Columns Notariskantoor Mirjam Bos

LEES MEER kees-parttechniek

Columns Kees van den Bosch - Adviseur Technische Carrières

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen