Friesland - 04-03-2025

 

As útfeartfersoarger komst yn de meast yntymste mominten fan in minske syn libben. It is in fak dat faak emosjoneel is, mar ek hiel tichtby it libben stiet. Mar wat as it net om in frjemd giet, mar om dyn eigen famylje, om dyn beppe? Dan wurdt it ynienen hiel persoanlik.

 

In pear jier ferlien mocht ik de útfeart fan myn beppe regelje. Fan it momint dat it berjocht kaam, trille myn hiele liif eefkes. Se hie in bysûnder plak yn myn libben, se wie in waarme, leave frou dy't altyd foar elkenien klearstie. It wie de mem fan myn mem, en myn mem wie al in pear jier derfoar ferstoarn. It stjerren fan in bern docht wat my in minske, en ek by myn beppe is dit fertriet nea weirekke. Beppe woe graach dat ik har útfeart regelje soe en dat fielde swier. Dochs wist ik ek: dit wie har lêste winsk, en ik moast derfoar soargje dat alles krekt sa gean soe as sy it woe.

 

It is yn sa’n situaasje in syktocht tusken profesjoneel wêze en tagelyk de emoasje tastean. Ik seach hoe’t ús famylje byinoar kaam, hoe’t wurden fan leafde en oantinkens dield waarden. It wie net allinnich in ôfskied, mar ek in fiering fan har libben. Der waard yn die wike ek lake.

 

Wat my it meast bybleau, wie de yntinsiteit fan de leafde en de wurdearring dy’t te fernimmen wie yn ‘e sfear. Soms binne der gjin wurden nedich; sa wie dêr de lêste rit fan ús beppe nei it hôf. Ik stapte yn’e rouwauto, dy’t ik dizze kear sels ride soe, en sa ynienen gie de oare doar iepen en stapte myn muoike yn. Hja lei in hân op myn skouder en sei: ‘Wat soe dyn mem grutsk op dy wêze’. In pear wurden mei in djippe lading. In trien rolle oer myn wang en sa siden we nei it hôf.

 

In útfeart foar myn eigen beppe regelje wie net maklik, mar it wie ek in eare. It wie it lêste kado dat ik har jaan koe: in ôfskied dat rjocht die oan wa't sy wie. It is in taak dy't ik mei ynmoed doch, hoe dreech it soms ek is. Om’t it úteinlik giet om mear as it regeljen fan in seremoanje – it giet om it bewarjen fan oantinkens, it fieren fan in libben en it jaan fan in weardich ôfskied.

 

 

Leo Boermans

 

 

 

Tel: 0515- 85 57 57

 

 

Columns Leo Boermans

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER aankondiging-yn-en-ut-2026
04-11-2026

Yn en Út Poppenwier - 14/15 november

LEES MEER mastreechter-staar
25-10-2026

Kaartverkoop Mastreechter Staar in Akkrum loopt goed

LEES MEER stickerkaart
21-10-2026

Lokale Schatten stempelkaart + actie

LEES MEER nationale-spellenweek-poster-0
07-10-2026

Bibliotheek Akkrum-Nes brengt mensen samen tijdens Nationale Spellenweek

LEES MEER young-sanc
07-10-2026

Twee cheques uitgereikt op drukbezochte Parkmarkt

LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER altijdakkrum

Columns Altijd Akkrum

LEES MEER logo-40-cm-dap-vergroot

Columns Dierenartsenpraktijk Reduzum-Grou

LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2

Columns Petra Eijer-Bakker

LEES MEER cover-spinnen-wantsen-en-sweef

Columns Sake P. Roodbergen

LEES MEER sigrid-de-vries

Columns Reisadviseur Sigrid de Vries

LEES MEER ismaellotz-berber

Columns Wandelen in de Regio - Berber van Oyen-Peenstra

LEES MEER leo-boermans

Columns Boermans & de Vries Uitvaartzorg

LEES MEER mirjambos

Columns Notariskantoor Mirjam Bos

LEES MEER kees-parttechniek

Columns Kees van den Bosch - Adviseur Technische Carrières

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen