Friesland - 11-12-2024

 

Column

Sake P. Roodbergen

Hans de Torenkraai is in Verkade-album. It is ien fan de lêste fan de lange rige fan dizze ferneamde albums, sponsort troch de Verkade-koekjefabryk yn Zaandam. It meast ferneamd is de rige troch de mear as tweintich albums dy’t skreaun waarden troch de natoerman Jac. P. Thijsse (1865 – 1945.) Hans de Torenkraai waard skreaun troch H. E. Kuylman. De Fryske namme foar de ‘torenkraai’ is simpelwei Ka. Ien fan dy grutachtige swarte fûgels dy’t in soad yn it boerelân omsweve.

 

Twa wat gruttere bruorren fan de Ka binne de Roek en de Swarte krie. De Roek hat deselde namme yn it Hollânsk; de Swarte krie is de Zwarte kraai. Dy twa binne dreech útinoar te hâlden. De Ka is eins net swart mar tige donker en mei in griisachtige kop. Kaën binne echte selskipsbisten. Gauris fleane se yn grutte oant hiel grutte groepen byinoar. Yn it fjild by de Boskpleats oan de Leppedyk boppe Akkrum telden Anneke en ik in pear moannen lyn wol achthûndert byinoar. Kaën kinne ek narje. Yn in hege Plataan-beam oan de oare kant fan de Boarn hie in pearke Eksters al in nêst klear yn ein oktober. De kape wie der sels al opboud. Gauris seagen we hoe’t de Kaën –yn in pearke- de Eksters narren. Mar yn de fûle stoarm yn de jûn en nacht fan ôfrûne 27 oktober waaide it hiele Eksternêst út de beam. Skande foar al dy muoite! Neitiid ha wy ien fan de beide bouwers treurich boppe yn de tinne tûken fan de hege beam sitten sjoen. Mar oft it pearke wer oan de opbou begjint is de fraach!

 

De Roek is in koloanjebrieder. De Swarte krie briedt as pear allinnich yn in hege beam. As Grouster jonges reizgen wij yn de sechstiger jierren nei de Feansterdyk achterAkkrum om in Roeke-aai út in nêst te heljen út de âlde, hege Iperenbeammen lâns de Feansterdyk. Foar yn de aai-samling. Ik moat der no net mear oan tinke..!

 

Tekst en foto's: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

LEES MEER herfst-activiteit-(2)
23-09-2026

Pretmakers - Herfstvakantie knutselactiviteit

LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER kidsbios
11-09-2026

KidsBios in Akkrum

LEES MEER 571661786123568152543109422195
08-09-2026

Handwerkcafé Grou viert 12,5-jarig jubileum tijdens Parkmarkt

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER ik-mis-je-mama
08-09-2026

Veertien jaar verder

LEES MEER parttechniek2
08-09-2026

Waarom vragen we pas wat iemand wil als hij vertrekt?

LEES MEER mirjam-bos-2
08-09-2026

Is het uitkeren van een erfdeel een schenking?

LEES MEER aukje-sereen
08-09-2026

Kom in je element!

LEES MEER plaatje-bij-column-sept-middel
08-09-2026

De stille revolutie van onderop

LEES MEER img8308bvanoyenliggend
08-09-2026

Leons-Jorwert-Baard (8,5 km)

LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen