Friesland - 04-03-2025

 

Column

Sake P. Roodbergen

Begjin maart ferskynt myn nijste natoergids yn de Fryske taal. Dizze kear is it ûnderwerp fan de natoergids de gerzen, siggen en rusken yn ús lân.

 

Gauris tinke wy dêr net oan, mar der komme yn it wyld yn ús lân likernôch 120 soarten gers foar. Benammen it Frysk kent prachtige âlde nammen foar gerssoarten. Nammen dy’t gjin inkelde ferbining hawwe mei it Hollânsk. Gauris nammen mei in agraryske, histoaryske achtergrûn. Prachtige foarbylden binne Hynstemoannen (foar Bochtige smele), Bargehier (foar Rood zwenkgras), Mollesturtsje (foar Geknikte vossenstaart) en Miedegers (foar Veldbeemdgras). Somtiden ek mei wat wy no neame soenen ûnfûge’ nammen, lykas Groubealch (foar Europese hanenpoot). In hiele moaie is ek Bjint, foar Pijpenstrootje, it wichtichste gers fan heidefjilden en blaugerslân. Foar my spant de namme Moark de kroan, de namme foar it Hollânske Veenpluis, it bekende gers mei syn fraai-wite fruchtplús dat op wiete heide en yn feangebieten groeit. Yn ús lân komme 63 soarten Sigge foar en 24 soarten Rusk.

 

Dizze natoergids is de njoggende yn in rige dy’t begûn mei Fûgels yn it jier 2005. Dy natoergids kaam yn in soad Fryske hûskeamers telâne troch de ledewerfkampanje fan de natoerferiening It Fryske Gea. Dy organisaasjebrûkte it nije natoerboekje yn in ledewerfkampanje ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean yn dat jier.

 

Myn doel is om de tsien fol te meitsjen mei in natoergids oer wylde Orchideeën. Yn myn belibbing binne dat de ‘kroanen op de floaristyske skepping’. Ik kies der yn dizze gids foar om de wylde orchideeën fan it noardwesten fan Europa as ûnderwerp te nimmen. Elke soart sil dan twa siden krije sadat der mear romte is foar foto’s.

 

Foto 1: Omslach natoergids Gerzen, Siggen en Rusken

Foto 2: Alle omslaggen fan oant no ta ferskynde natoergidsen

 

Tekst: Sake P. Roodbergen, Akkrum



Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER img6875
25-08-2026

De Kletskous mode al 25 jaar een vaste waarde in Akkrum

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

LEES MEER img8494
12-08-2026

Nazaten van Folkert Kuipers op bezoek in Akkrum

LEES MEER pro-2v12l0u0
11-08-2026

Smûk by Sandra in Grou

LEES MEER knutselclub-a5-flyer-augustus
05-08-2026

Zomer activiteiten in augustus voor Kids

LEES MEER 003
17-07-2026

Pannenkoekenboerderij De Roos heeft het beste terras van Friesland

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER man-met-wandelstok
12-08-2026

Wêr bemuoist dy mei?

LEES MEER d3303f30-69b4-466b-9da8-bab5a6
12-08-2026

Thuisbatterij booming?

LEES MEER koninginnepagezenegroenpayrac0
12-08-2026

Wilde Peen en Koninginnenpage

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-19-om
12-08-2026

Niet in de haak

LEES MEER img5046bvanoyen
12-08-2026

Bakkeveen (3,5 tot 11 km)

LEES MEER sardinie-giovanni
12-08-2026

De tuin van Giovanni geeft moed

LEES MEER parttechniek2
15-07-2026

Zoeken we mensen… of perfectie?

LEES MEER mirjam-bos-2
15-07-2026

De notaris en te boek gestelde schepen

LEES MEER foto-bij-column-juli-2026
15-07-2026

Overlijden in het buitenland

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen