Friesland - 21-08-2024

 

Column

Sake P. Roodbergen

Hooibeestje (Coenonympha pamphilus Linnaeus 1758)

De Heaflinter is in typyske deiflinter fan it blaugerslân. Hy heart by de groep fan de Sâneachjes. In ynventarisaasje yn de tachtiger jierren yn it Fryske Gea-natoergebiet Unlân fan Jelsma, boppe Aldeboarn yn it Lege Midden fan Fryslân, levere yn ien oere likernôch 1500 eksimplaren fan de Heaflinter op!

 

Yn ús tiid is it sjen fan dizze lytsachtige standflinter suver in útsûndering. Yn ús provinsje is dy kâns noch it grutste yn it noardwestlike klaaigebiet en yn it súdwestlike sângebiet. Kwa kleuren giet it om in net-opfallende soart as men him fergeliket mei de folle gewoanere, mar sprekkender Nûmerflinter (Atalanta). Unopfallend is it flinterke ek omt er suver nea de wjukken útspraat sjen lit by it sitten gean, lykas de Nûmerflinter dat docht! Op foto 1 sit de Heaflinter op in bloeistâle fan it Weetgers (Gestreepte witbol), in moai bermgers.

 

Mantsje en wyfke fan de Heaflinter binne gelyk fan foarm en kleur. Yn ien jier kinne twa of trije generaasjes ferskine: fan begjin maaie oant fier yn oktober. Yn de trend troch de jierren hinne sit in frjemde breuk. Benammen nei it jier 1992 is de soart hurd tebekrûn. Yn 1990 waarden der op de Merskerheide 122 eksimplaren teld; ien jier letter mar 75! De mantsjes fan de Heaflinter besette in territoarium. Wyfkes sette de aaikes ôf op de gasthearplant (Hollânsk: waardplant). Wichtige gasthearplanten binne Reade en Wite klaver, Finnestikel (Akkerdistel) en Skieppegerf (Duizendblad). Mar ek wol hiel gewoan op it algemiene Koweblomke (Madeliefje). De rûp fan de Heaflinter is heldergrien mei ien gielige streek op de siden. Hy libbet fan gerzen lykas Bargehier (Rood zwenkgras) en Rûkersgers (Gewoon reukgras). De heal-folgroeide rûp oerwintert. De pop hinget oan in blêd. Op ûndersteande foto siket de Heaflinter stomoal en huning op de Ingelwoartel (Gewone engelwortel), in tige algemiene skermblom yn de bermen.

 

Foto 1: Hooibeestje bij spoortbaan Grou

Foto 2: Hooibeestje op Engelwortel

 

Boarnen: Natoergids Deiflinters en Libellen (Sake P. Roodbergen, 2015) Dagvlinders in Fryslân; veranderingen vastgelegd (Vlinderwerkgroep Friesland, 2021)

 

 

Tekst en foto's: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER kidsbios
11-09-2026

KidsBios in Akkrum

LEES MEER 571661786123568152543109422195
08-09-2026

Handwerkcafé Grou viert 12,5-jarig jubileum tijdens Parkmarkt

LEES MEER 20260831162243
08-09-2026

Doorstart Kringloopwinkel It Pakhûs blijkt een succes!

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER ik-mis-je-mama
08-09-2026

Veertien jaar verder

LEES MEER parttechniek2
08-09-2026

Waarom vragen we pas wat iemand wil als hij vertrekt?

LEES MEER mirjam-bos-2
08-09-2026

Is het uitkeren van een erfdeel een schenking?

LEES MEER aukje-sereen
08-09-2026

Kom in je element!

LEES MEER plaatje-bij-column-sept-middel
08-09-2026

De stille revolutie van onderop

LEES MEER img8308bvanoyenliggend
08-09-2026

Leons-Jorwert-Baard (8,5 km)

LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen