Friesland - 13-11-2024

 

Lêsten wie ik by in hechte famylje dy' t ôfskied nimme moast fan harren heit en pake. Pake wie in echte famyljeman en de pakesizzers wiene fansels tige belutsen by alles om it ôfskied hinne. Elk petear fierden wy mei inoar en elk hie wol wat by te dragen. Ien fan de ûnderwerpen wie wa't op de roubrief neamd wurde moast. Der wiene pakesizzers mei lange relaasjes, oaren dy't krekt fereale wiene, en dan wie der Sandra. Ik neam har foar no sa. Sandra wie der hiel stellich oer: de namme fan har freon hoegde net op'e kaart, dat fielde foar har te betiid. ‘Mar ik bin wol gek op him, hear!’ sei hja der hastich efteroan, as wie se bang, dat immen dêroan twivelje soe.

 

Doe bruts de dei fan de kremaasje oan. De romte folle him mei minsken, mei leafdefolle oantinkens, mei stil fertriet. Sandra’s tinzen wiene by har pake, by harren mominten tegearre, de ferhalen dy't er mei har dielde. De tsjinst begûn. Se siet dêr stil, harkjend, en ynienen fielde se in trilling yn'e bûse. Se pakte har telefoan, even in lytse ûntsnapping fan dit swiere momint. Har freon belle har. Se seach nei syn namme op it skerm en stoppe de telefoan wer fuort, klear om har wer op de tsjinst te konsintrearjen.

 

Nei ôfrin rûn se nei bûten ta, socht in bankje en belle him werom. Syn gesicht ferskynde op it skerm, en noch foardat er it hielendal útsprutsen hie, fielde se it oan alles. Hy woe net fierder. ‘It leit net oan dy,’ besocht er noch te sizzen, sa't minsken dat sizze, as hja der gjin wurden foar hawwe. Mar earne wie it ek wol sa, tocht se, miskien dochs ek wol in bytsje. Syn wurden foelen swier, sûnder emoasje, as waard it kâlder mei elke sin. Se hong op en bleau stil sitten, harkjend nei de wyn dy't troch de beammen gie, nei it fiere lûd fan ferkear. Se tocht, hoe kinst yn ien dei safolle pine tagelyk fiele? Pake wie de man dy't altyd de goede wurden hie, ien dy't har op'e frjemdste mominten dochs altyd ta treast wie. Mar no, krekt op it stuit dat se him it hurdst nedich hie, wie er der net mear.

 

Se siet dêr, stil, oant it momint dat se werom gie, tusken de minsken stapte en in bakje kofje pakte. Net ien like wat te fernimmen, se hie de rêch rjocht, de eagen drûch. Gjinien wist dat har hert dy deis twa kear brutsen wie. Yn de dagen dêrnei kamen pake syn wurden hieltyd werom, de advizen en lytse libbenslessen dy't er har jûn hie. Hy hie har leard om te oerlibjen, hoe troch te gean. Miskien wie dat syn lêste jefte, in ûnsichtbere hân op har skouder, in oantinken dat ek dit foarby gean soe. It besef groeide stadich: hoe djip oft it fertriet ek wie, der soe oait wer wat moais op har wachtsje.

 

 

Met een warme groet van Leo Boermans

 

Als u vragen heeft over wat wel of niet kan tijdens een uitvaart, neemt u dan gerust eens contact met ons op.

 

Tel: 0515- 85 57 57

 

 

Columns Leo Boermans

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER img8494
12-08-2026

Nazaten van Folkert Kuipers op bezoek in Akkrum

LEES MEER pro-2v12l0u0
11-08-2026

Smûk by Sandra in Grou

LEES MEER knutselclub-a5-flyer-augustus
05-08-2026

Zomer activiteiten in augustus voor Kids

LEES MEER 003
17-07-2026

Pannenkoekenboerderij De Roos heeft het beste terras van Friesland

LEES MEER whatsapp-image-2026-06-25-at-2
17-07-2026

Vernielingen bedreigen voortbestaan FietsVeerPont De Deelen

LEES MEER rouwkaart-alleen-condoleance-z
13-07-2026

Overlijdensbericht Rene Edelijn

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER parttechniek2
15-07-2026

Zoeken we mensen… of perfectie?

LEES MEER mirjam-bos-2
15-07-2026

De notaris en te boek gestelde schepen

LEES MEER foto-bij-column-juli-2026
15-07-2026

Overlijden in het buitenland

LEES MEER img3987bvanoyenlr
15-07-2026

Zomerwandelen

LEES MEER portretfoto-leo-boermans
02-07-2026

Zo kan het (gelukkig) ook

LEES MEER altijd-akkrum-ina-adv
02-07-2026

Ina Sterkenburg, havenmeester

LEES MEER foto-column-juni-2026
02-07-2026

Werknemer van de maand

LEES MEER bolderikeext260614p1390394
02-07-2026

De Reade roggeblom

LEES MEER mp-202611lr
02-06-2026

Operatie “Onder eigen dak”

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen