Deersum - 04-05-2020

 

Dit jier bestiet de sa romrofte aaisikersklup De Ald Hij fan Dearsum 100 jier.

Dat is fansels in grut jubileum en soe dan ek grut fierd wurde. Mar sa’t alles net trochgiet, kin ek dit feest net trochgean. Der wie in hiel programma om de Snitser Aldfeart yn elkoar set. Yn it haventsje fan Dearsum soene wer komme te lizzen: in skou mei sprietseiltsje sa as yn 1920 dêr’t doe trije man harren earste Ald Hij-loop meimakken, in âld pream dêr’t se al in nacht mei yn ’t fjild oerbliuwe koene, in skûtsje dêr’t jûns yn ’t rom tige sterke en smoute ferhalen ferteld waarden en ek de motorkruser de Ankawi fan de bruorren Wuring út Snits. It hiele doarp Dearsum rûn út, doe’t yn 1928 dy lúkse motorkruser yn Dearsum oanlei. De helte fan it doarp spruts der skande fan. Sa’n jildfergriemerij en dan om it aaisykjen.

 

It doarpshûs De Trilker yn Poppenwier soe oanklaaid wurde mei in eksposysje oer it aaisyken. In hiele wike lang hie men jûns mei preammen in rûnfeart fanút Dearsum meitsje kind nei Poppenwier, dêr’t yn de Trilker meielkoar potstro mei sjerp en bretspek iten wurde soe om dêrnei wer mei de pream fierder te farren nei de Krúsbrekken efter Tersoal. Underweis soe earelid, skriuwer/ferteller Gjalt de Groot fertelle oer dat gea, it buorkjen fan de komelkers út de Lege Geaen, de breafisker, it aaisykjen yn dy romme fjilden fol fûgels en blommen. In gedicht soe foarlêzen wurde fan de âld-boer Douwe H. Kiestra skriuwer/dichter dy’t dêr buorke op de Lytse Wierren. Om dêrnei, nei’t we hopen, by in yn ’t read ûndergeande sinne wer werom te farren nei Dearsum.

Dat alles, it gie net troch, it is in jier útsteld.

 

De leden fan De Ald Hij ha Gjalt de Groot opdracht jûn in boek te skriuwen.

Net in typysk jubileumboek foar en oer De Ald Hij, mar in boek foar elk dy’t wat mei aaisykjen hat of hie.

Naar overzicht