Friesland - 05-08-2020

 

(Bolderik, Agrostemma githago)

Column

Sake P. Roodbergen

 

Lykas yn de simmer fan it jier 2019 kleurden de seamen fan de Leppedyk tusken Akkrum en Grou ek dit jier wer alderprachtichst. Mannich fytser naam it dykje dat sa hearlik meikronkelt mei de histoaryske Kromme knilles op yn har of syn rûte. It bliuwt elke kear wer in feest foar it each. Earst it oerhearskjende Raapsied (Raapzaad) en dan, fan ein maaie ôf de kleurepracht fan it giel fan de mear as manshege Swarte Keik (Zwarte mosterd) en Guozzeblom (Ganzenbloem), it blau fan de Roggeblom (Korenbloem), it opfallende read fan de Klaproas en it ienfâldige wyt fan de Kamelleblom (Kamille).


Yn 2019 skreau ik oer it karakter fan dizze floara: al hoe prachtich as de soarten binne en hoe opfallend de kleuren ek, allegearre binne it ferdwaalde graanûnkrûden fan de hegere sângrûn yn Drinte. De planten binne net mei opsetsin, mar tafalligerwize en ûnferwachts hjir tusken Grou en Akkrum yn de dellingen fan de Boarn belâne mei it opbringen fan grûn fan in ûnbekende herkomst.

De meast nijsgjirrige fan it hiele stel fan dizze graanfloara is de Reade roggeblom (Bolderik). De blom fan dizze aardich hege simmerbloeier is ljochtpears fan kleur. Biologen nimme oan dat dizze soart ûntstien is út in nau besibbe famyljelid út Lyts-Azië, dêr’t de lânbou ûntstie, sa’n 5000 jier foar Kristus. Biologen tinke dat de wize fan primitive lânbou der foar soarge hat dat de plant no oer de hiele wrâld foarkomt. Sa’n plant wurdt in kosmopolyt neamd.  

Mar de hjoeddeistige wize fan lânbou is net mear te fergelykjen mei dy fan eartiids. Dat sil ek de ûndergong fan dizze plant betsjutte, sa tinke de spesjalisten. Ien oarsaak is dat it sied mar hiel koart kymkrachtich bliuwt nei it ôfrypjen. Doe ’t ik op tongersdeitejûn, 25 juny seach dat fierwei it grutste part fan de Leppedykbermfloara haksele wie -krekt even te betiid yn myn eagen- ha ik gau wat fruchtdoazen fan útbloeide Reade roggeblommen fandele út it meande materiaal om it sied te drûchjen en út te struien. 


Sa’n krûd mei sa’n bysûndere histoarje moat net ferlern gean.

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER faea43d9-578d-40bd-9ebe-fa146b
11-12-2024

Iel en Mear: Heerlijk genieten van ambachtelijke streekproducten!

LEES MEER juf-tineke-marjan
10-12-2024

Juf Tineke Marjan 40 jaar in het onderwijs

LEES MEER groepsfoto
10-12-2024

Jeugdleden VV Akkrum krijgen bezoek tijdens de training

LEES MEER beleefvoorpag
19-11-2024

BELEEF Midden-Friesland Winter 2024-2025

LEES MEER mp-202425webpagina12
10-12-2024

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkdeals-2024-01-16-a-en-
16-01-2024

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen