Friesland - 14-09-2021

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Yn de noardwestlike hoeke fan it Tynjebosk leit in moaie fiver. It Tynjebosk is in besit fan de natoerterrein-behearder Staatsbosbeheer. Dizze fiver leit op ús rûte as we fytse nei Boarnburgum, om dan oer it moaie fytspaad lâns de Drachtster Ie de sirkel rûn te meitsjen rjochting De Veenhoop en sa, troch it Lege Midden wer nei Akkrum.

 

By de keunstmjittige fiver stiet in kreaze bank. In aardich plak om eefkes in stop te meitsjen om wat te iten, te drinken of gewoan wat om jin hinne te sjen, acht te slaan op de planten oan de wetterkant en te lústerjen nei de fûgels.

 

Fuortby de bank is in strântsje, mei sân. Fansels gaadlik om de hûn swimme te litten, mar ek in apart plakje om in hiele oare reden. Alle kearen as we dêr binne sjogge wy eefkes nei dit strântsje en hast alle kearen is it raak: in Kantsitter, in algemiene libel. Hast altiten in mantsje. De Fryske namme koe net better keazen wêze: hy sit altiten oan de kant fan it wetter. De Hollânske namme is Gewone oeverlibel, en ek dy namme jout syn gedrach goed wer.

 

De Kantsitter is ien fan de middelgrutte libellen. De grutsten wurde yn it Frysk ‘biter’ neamd, Hollânsk: glazenmaker. De lytsten binne juffers. It mantsje fan de Kantsitter is blau fan kleur; it wyfke is alhiel oars: it hat in gielgriene kleur en it liif is oerdutsen mei in soarte fan raster fan swarte strepen (sjoch foto’s). Dat wyfke ferskynt gauris yn tunen.

 

 

Foto en tekst Sake P. Roodbergen, Akkrum

Foto: Paring gewone oeverlibel

 

 

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER kidsbios
11-09-2026

KidsBios in Akkrum

LEES MEER 571661786123568152543109422195
08-09-2026

Handwerkcafé Grou viert 12,5-jarig jubileum tijdens Parkmarkt

LEES MEER 20260831162243
08-09-2026

Doorstart Kringloopwinkel It Pakhûs blijkt een succes!

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen