Akkrum - 29-04-2025

 

Column

Sake P. Roodbergen

Wy fiere dit jier dat it tachtich jier lyn is dat de Dútske besettingslegers ferslein waarden yn West-Europa. Benammen troch de legers fan Noard-Amearika, Kanada en Ingelân. It wie it ein fan de fiifjierrige Twadde Wrâld-oarloch. Yn de neimiddei fan 15 april 1945 kaam in kompleet peloton Kanadezen fanút de rjochting fan Aldeboarn it doarp Akkrum yn. In âlde foto dêr’t 84 gealliearde soldaten op steane, makke foar it Eetcafé Kromme Knilles –doe: kafee Jager- op it Heechein, toant de Kanadeeske Princess Louise Fusiliers. Se waarden yn de simmer fan dat befrijïngsjier 1945 ynkertierd by de Akkrumer boargerij. (sjoch foto 1)

 

De beheinde groep Kanadezen kamen fanút It Hearrenfean nei it noarden ta. Mar by de brêge oer de Heafeart wie it ho. It waard dúdlik dat se dêr net oer koenen, de brêge wie opblaasd troch de Dútsers. Us befrijers moasten mei in wide bocht nei it easten ta, fia De Tynje en Aldeboarn op Akkrum takomme. In pear eleminten yn it doarp Akkrum herinnerje noch oan dit feestlike barren fan de befrijïng. De strjitte dêr’t de soldaten Akkrum lâns ynkamen krige de namme fan de Kanadeeske Princess Louise Fusiliers. Op de gevel boppe de doar fan it hûs dêr’t Anneke Goerres no wennet, njonken it hotel, stiet in tekst yn neitins oan de befrijïng yn april 1945. (sjoch foto 2)

 

De ynkertiering wie fan juny 1945 oant yn desimber fan dat jier! Yn 1955, tsien jier nei de befrijïng, waard troch de Utingeradielster gemeenteried ûnder foarsitterskip fan boargemaster Jacobus Anker besletten de yngewikkelde strjitnamme fan it Fusiliers-peloton te ferfangen troch it behypliker Kanadeeskestrjitte.

 

De dikke Plataan-beam tsjinoer Oosterhoff is dêr plante op 19 april 1999, fiifenfyftich jier nei de befrijïng. De inisjatyfnimmer wie Jan Bangma, bewenner fan de Kanadeeskestrjitte. Hy brûkte de term Fredesbeam. Hy sei: “Dizze beam moat frede bringe, krektlyk as de Kanadezen ús de frede brocht hawwe”. De Plataan –heechstwierskynlik giet it om de hybride Platanus x hispanica, dy’t yn it Hollânsk ‘Esdoornbladige plataan’ hjit. Hy hat in markante stam mei skoarsplaten dy’t maklik loslitte. It is dizze foarse beam dy’t yn Frânske doarpkes gauris oanplante is om it doarpspleintsje hinne dêr’t jeu-de-boule spile wurdt. Dizze Akkrumer Fredesbeam is no al gau 25 meter heech. (sjoch foto 3)

 

Fuortby dizze beam, oan de noardkant fan de dyk, is yn de strjitstiennen op de grûn in keunstsinnich byld fan it bekende Maple Leaf (letterlik: Eskdoarn-blêd) makke. (sjoch foto 4)

 

Dizze fersiering is der wierskynlik kommen yn resintere jierren. It grutte blêd is yn dit foarjier op ’e nij oanbrocht. Dit Maple Leaf is it iuwenâlde byldmerk fan it lân Kanada, dat sûnt 1965 sels yn stilearre foarm opnommen is yn de nasjonale flagge fan dat lân. Dit Maple Leaf telt alve punten; de kleur read is keazen fanwege de massale bosk-ferkleuring yn hjerst en winter, dy’t Kanada en Noard-Amearika de markante Indian Summer oplevert. It blêd yn de strjitstiennen, de grutte beam fuortby én de namme Kanadeeskestrjitte foarmje trije eleminten yn it doarp Akkrum dy’t de herinnering oan de Befrijïng fan 15 april 1925 libben hâlde.


Tekst: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Omslagfoto: Befrijing Jan Eijzenga Bren Carriers

foto 1: 84 Kanadezen foar kaffee “Kromme Knilles” op it Heechein yn Akkrum

foto 2: Tekst boppe doar hûs Anneke Goerres

foto 3: Plataan Akkrum Kanadeeskestrjitte

foto 4: strjitte-fersiering by de Maple Tree


Columns Sake P. Roodbergen


Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER naamloos-2
26-06-2026

Zomervakantie activiteiten voor Kids

LEES MEER praalwagenoptocht
26-06-2026

Hittebericht Praalwagenoptocht

LEES MEER 827b5772-3f6e-4cde-92e1-5e3dec
16-06-2026

Skûtsjesilen Beachfestival

LEES MEER weidumerhout-astrix-en-obelix
16-06-2026

WeidumerHout: De Asterix en Obelix van de Nederlandse Horeca

LEES MEER beleefvoorpag
02-06-2026

BELEEF Regio Heerenveen zomer 2026

LEES MEER a60f81a3-7e5a-4694-b223-e6ccdc
02-06-2026

Zon, muziek en flowerpower tijdens Sunshine Festival in Luinjeberd

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER tijd-juni-2026
16-06-2026

Stilstaan bij tijd

LEES MEER mirjam-bos-2
16-06-2026

De WBTR: moeten verenigingen en stichtingen vóór 1 juli 2026 in actie komen?

LEES MEER parttechniek2
16-06-2026

Het talent van nét genoeg doen

LEES MEER img7750bvanoyenlr
16-06-2026

Hemrik (12 tot 15 km)

LEES MEER laatste-verzorging
02-06-2026

Fakmanskip sjochst yn de details

LEES MEER mp-202611lr
02-06-2026

Operatie “Onder eigen dak”

LEES MEER img5409
02-06-2026

Angst moe

LEES MEER marlenasroczynska-puppies-2186
02-06-2026

Spoed kent geen feestdagen

LEES MEER boomblauwtjeakkrump1320214
02-06-2026

It Sprakelbeamblaujurkje

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen