Reduzum/Grou - 24-11-2021

 

Bistedokter

Column

Dierenartsverhalen van een Friese dierenarts

door Menno J. Wiersma

www.bistedokter.nl | menno@bistedokter.nl

 

Frou reizget wat ôf mei my! Koartlyn wiene wy wer withoefier op ‘e flutter. Op syn minsten twa oeren riden. Moat ik al om healwei fiven yn stikneare nacht út myn waarme nêst wei komme om mei Baas de dyk út te pisjen en te poepen. Dan gau ite en hupsakee efteryn de wein. Wat wol noflik wie, in oare hûnemaat wie ek mei. Koe ’k ûnderweis lekker deun knuffeltsje-buffeltsje mei yn de kofferbak lizze. Mei ’k stomme graach oer, al wraf ik dat sels. It wie noch hieltyd skimertsjuster doe’t wy earne op in fjildsje yn ’t bosk út ‘e auto sprongen. Dêr wiene withoefolle soartgenoaten. Mei in grut ferskaat: swarte, brúne, giele en sels krolhier Labkes. Wat in aksje! Ik haw my ferskuorrend fernuvere en in hiele bult nije kunde byinoar begnúfke. Mar wat ek in bûnt selskip oan baaskes! Wat heite? En dy dogge neat oars as meielkoar babbelje en rabbelje...

 

Nei net te tellen bakjes kofje foar al dy lju gie it los yn lytse ridels. Rûnom op dat terrein wiene proefstikken útsetten. Sels begûn ik mei in lang apport troch it wetter en in twadden ien blyn oer de wâl efter de reiden. Skytgemaklik, kreas troch de moarnsdize by Frou yn ‘e hân brocht fansels! Dêrnei twa lange markeerapporten yn in wiet en dreech stoppelfjield. Ek gjin inkeld probleem. Domwei hierskerpe eachjes. Doe twa dummy’s ophelje nei los opstappe mei Frou yn ‘t fjild, tagelyk mei noch in oare hûn. En ûnderwylst waarden wy om en om fuortstjoerd en ûnderweis ôflaat mei sjitterij. Hiel nijsgjirrich! Hie ’k nea earder dien. Gong ek super omt ik lykwichtich bin. Sa moast ik fiif proefstikken dwaan. Ik haw alle tsien dummy’s fûn en kreas by Frou opbrocht.

 

Doe moasten wy as hûnen skoften wachtsje en eamelerij oanhearre fan al dat hûnefolk. Hoe’t der oer ús swetst wurdt! De jachtbazen mei de meast útwrytske weinen binne faaks de grutste opsnijers. Mar de froubaaskes mei fan dy nijmoadrige, piperige learskes kinne it ek, hear. Ynienen waard it mûskestil en naam de grutte Baas fan dy dei it wurd. Nei in wiidwreidich tankwurd foar alle hântaasters en karmasters waarden de bêste trije spantjes yn ’t hjerstsintsje setten. Mocht ik samar mei Frou opdrave foar de twadde priis! Sij krige in stik hout en in grut plakkaat; sels hie ’k folle mear niget oan de sek brokjes dy’t foar my ornearre wiene. Frou liet suver in trientsje fan emoasje, mar wat wie se útwrydsk grutsk!

 

No’t ik yn soksoarte fan wedstriden boppe driuwen kom, miene Frou & Baas mei my ‘fokke’ te moatten. Sy hawwe in stoere maat opsneupt dy’t ek in stjer yn ‘t opbringen is. Ik haw ‘Sven’ okkerdeis al ris troffen. Poe, wat in linige, swarte wâldrikel! No bin ik pas oprjocht yn ‘e prizen...

 

 

 

Columns Bistedokter

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER img6875
25-08-2026

De Kletskous mode al 25 jaar een vaste waarde in Akkrum

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

LEES MEER img8494
12-08-2026

Nazaten van Folkert Kuipers op bezoek in Akkrum

LEES MEER pro-2v12l0u0
11-08-2026

Smûk by Sandra in Grou

LEES MEER knutselclub-a5-flyer-augustus
05-08-2026

Zomer activiteiten in augustus voor Kids

LEES MEER 003
17-07-2026

Pannenkoekenboerderij De Roos heeft het beste terras van Friesland

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER image002
25-08-2026

Voel je dat je lichaam om rust vraagt?

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

LEES MEER gewoneoeverlibelvegelinsoord03
25-08-2026

Kantsitter

LEES MEER man-met-wandelstok
12-08-2026

Wêr bemuoist dy mei?

LEES MEER d3303f30-69b4-466b-9da8-bab5a6
12-08-2026

Thuisbatterij booming?

LEES MEER img5046bvanoyen
12-08-2026

Bakkeveen (3,5 tot 11 km)

LEES MEER sardinie-giovanni
12-08-2026

De tuin van Giovanni geeft moed

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen