Bernejierren
Friesland - 30-03-2021
troch Popkje Sytema
Myn widze stie yn it wetterlân
de griene fjilden om mij hinne
natuer as boartersguod bij de hân
wêr’t aventoeren ûntelber binne
Mei bist en blom himeltsje-ryk
boartsjend fan ’t libben priuwe
gelûden fan bûten wie myn musyk
‘k liet dreamen op wolken driuwe
De frijdom fan dy wide wrâld
wêr fantasij de romte hie
ferjit ik net, as wurd ik noch sa âld
dat ik in lokkich famke wie