Friesland - 23-03-2022

 

Somtiden komt it foar dat ik meardere kearen by in famylje oer de flier kom. Tink dan oan it momint dat in heit komt te ferstjerren en in skoftsje letter mem. Ik kom dan wolris wer oer de flier by dizze famyljes. Faaks binne we dan fertrout mei inoar en fielt it as binne we kunde fan inoar.

 

Foar de tredde kear

Sa krige ik in skoftsje lyn tillefoan fan in man, dy’t fertelde dat syn frou ferstoarn wie. Ik seach yn myn tillefoan de namme fan dizze man en ik tocht dat hy noch wat freegje woe oer de útfeart fan syn heit. Ik naam de tillefoan oan mei die gedachte en ik krige de man in triennen oan de tillefoan. Ik wie stil en lústere nei wat hy fertelde. Syn frou wie plots ferstoarn en hy woe graach dat ik him en syn húshâlding wer holp by it regeljen fan dit ôfskied.

 

Oare útfeart

Ik kaam by dizze man thús en hy fertelde dat de útfeart fan syn frou wol wat oars wurde dan die fan syn heit. Begryplik, want der siet ek in generaasje tusken. De bern fan dit pear hy ik allinne sjoen op de útfeart fan harren pake en no, mei it regeljen fan de útfeart fan harren mem learde ik se better kinnen. Harren ideeën wiene fansels oars as die by harren pake. Se woene foto’s en filmkes mei muzyk sjen litte en ik holp harren by it gearstallen hjirfan. It waard in útfeart yn de tún fan harren hûs. In prachtplak, in tinte edelste en kachels om de kjeld te kearen.

 

“Heit hie al fertelt oer hoe ast it wurk dochste en wat binne wy bliid dat we nei heit harke hawwe, bedankt!”

 

De dei fan’e útfeart

En sa wie de dei oanbrutsen en kom ik deselde minsken tsjin dy’t ik earder sjoen haw. De opmerking dy’t ik dan faaks krij is: ‘no, ik hoopje dy de kommende tiid net wer tsjin te kommen’. Lokkich sizze se dan snel: ja, yn de supermerk fansels wol hear! In begryplike opmerking, mar de opmerking dy’t ik fan de bern krige wie hertferwaarmjend: Leo, heit hie al fertelt hoe ast bist, mar wat binne wy bliid dat we dit ôfskied mei dy regele hawwe!

 

Deze column is geschreven met goedkeuring van de betrokken familie.

Kijk gerust eens op www.bvuitvaartzorg.nl voor recensies of overige informatie.

 

 

Met een warme groet van Leo Boermans,

 

Tel: 0515- 85 57 57
 

 

 

Columns Leo Boermans

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER kidsbios
11-09-2026

KidsBios in Akkrum

LEES MEER 571661786123568152543109422195
08-09-2026

Handwerkcafé Grou viert 12,5-jarig jubileum tijdens Parkmarkt

LEES MEER 20260831162243
08-09-2026

Doorstart Kringloopwinkel It Pakhûs blijkt een succes!

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER ik-mis-je-mama
08-09-2026

Veertien jaar verder

LEES MEER parttechniek2
08-09-2026

Waarom vragen we pas wat iemand wil als hij vertrekt?

LEES MEER mirjam-bos-2
08-09-2026

Is het uitkeren van een erfdeel een schenking?

LEES MEER aukje-sereen
08-09-2026

Kom in je element!

LEES MEER plaatje-bij-column-sept-middel
08-09-2026

De stille revolutie van onderop

LEES MEER img8308bvanoyenliggend
08-09-2026

Leons-Jorwert-Baard (8,5 km)

LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen